Frije Friezen wiene yn Midsiuwen krekt 'kuierjende krystbeammen'

Kegelfibula mei moannestien, 12de iuw © Groninger Museum
Fryske froulju yn de Midsiuwen liken krekt kuierjende krystbeammen. Dat is ien fan de nije ynsichten dy't it Fries Museum opdie yn oanrin nei de nije tentoanstelling 'Vrijheid, vetes en vagevuur: de middeleeuwen in het Noorden', dy't nei de simmer te sjen is.
De Friezen behongen harsels safolle mooglik mei goud en sulver - elite of net- en dat barde dan ek op grutte skaal. Op dizze wize woene froulju sjen litte dat se frije Friezen wiene. Der wie gjin grutte baas dy't sei dat dat net mocht.
Byldhoude kop, 1500-1580, fûn yn Rinsumageast © Fries Museum, kolleksje Keninklik Frysk Genoatskip
De Friezen regelen harren eigen bestjoer en dat soarge foar in bysûndere ûnwikkeling fan de maatskippij doetiids. "De Friezen hadden hun eigen bestuur, recht, eigen taal en cultuur en kledingstijl", fertelt konservator en archeologe Diana Spiekhout.
Der waard ek mar raak boud, want gjinien hâlde dat tsjin. Der wiene mear as hûndert kleasters en oardel tûzen kastielen - ek wol stinzen neamd - yn Tota Frisia. Dat rûn fan Fryslân oant de Dútske streek Ostfriesland.
Frije Friezen wiene 'kuierjende krystbeammen'
It ferhaal fan Fryslân yn de Midsiuwen wurdt ferteld yn de nije grutte tentoanstelling 'Vrijheid, Vetes & Vagevuur: de middeleeuwen in het Noorden' en is fan 10 septimber ôf te sjen.
De tentoanstelling toant nije wittenskiplike ynsichten oer de maatskippij fan it noarden yn de Folle en Lette Midsiuwen.
Mei tal fan archeologyske foarwerpen, lykas juwielen, muntskatten en spearen út de kolleksje oanfolle mei (ynter)nasjonale brûklienen, komt de wrâld fan Fryslân tusken 1067 en 1567 ta libben.
De tentoanstelling iepenet op 10 septimber en is oant en mei 8 jannewaris 2023 te sjen.