Fryske studinte lit jongelju dizze wike blokke tusken de keunst

© Museum Heerenveen | Mandy Holwerda
Tentamenblokke tusken de keunst, dat kin oant en mei freed. Mei de studintepas meie studinten studearje yn Fryske museumkafees en fergees in besite bringe oan de tentoanstellingen.
De aksje jildt yn Museum Heerenveen, it Jopie Huisman Museum en it Fries Museum. Dat dizze wike foar de aksje keazen is, komt om't it de wike foar de lêste toetswike fan it skoaljier is.

Ofstudearprojekt

It giet om in inisjatyf fan Mandy Holwerda, sy is studinte 'communicatie en multimedia design' op NHL Stenden. Sy hat de aksje betocht om mear jongelju tusken de 18 en de 25 jier yn de musea te krijen.
Ik fyn in museum sels altyd leuk, mar ik sjoch net in soad leeftiidsgenoaten.
Mandy Holwerda
Holwerda organisearret it as ôfstudearprojekt. "Ik haw echt ûndersyk dien nei de belangstelling fan jongelju yn 'e rjochting fan musea. Ik fyn in museum sels altyd leuk, mar ik sjoch net in soad leeftiidsgenoaten", seit sy.
Yn it Jopie Huisman Museum yn Warkum © Omrop Fryslan, Hayo Bootsma
Musea passe net genôch by de leefwrâld fan de jongerein en dy fielt him net altyd like wolkom, fertelt Holwerda. Dat wylst der wol in soad ferlet is fan stúdzjeplakken, want skoallen sels sitte faak fol.
Museum Heerenveen op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Dêrom betocht Holwerda om dy twa problemen te kombinearjen: yn trije Fryske musea binne studinten dizze wike wolkom om te blokken yn de museumkafees. "Dy binne spesjaal foar har ynrjochte. Der binne stopkontakten en ynternet, sy kinne der in bakje kofje drinke. En yn it skoft kinne sy fergees in besite bringe oan it museum."

Ynspirearjend en rêstich

Holwerda hopet de drompel ta in museumbesite sa omleech te bringen. "In museum is faak in ynspirearjende en rêstige omjouwing."
© Mandy Holwerda
De musea sels wiene nijsgjirrich en woene wol meidwaan oan de proef. "Sy dogge der alles oan om mear jongelju te rijen. Sy fine it leuk dat ik der wat foar betocht haw, dus sy binne hiel entûsjast."
Mandy Holwerda