Fries Museum komt mei grutte tentoanstelling oer de Midsiuwen

Byldhoude kop, 1500-1580, fûn yn Rinsumageast © Fries Museum, kolleksje KFG
It Fries Museum komt yn septimber mei in nije grutte tentoanstelling: 'Vrijheid, Vetes & Vagevuur' giet oer de Midsiuwen yn it Noarden.
De tentoanstelling toant nije wittenskiplike ynsichten oer de maatskippij fan it noarden yn de Folle en Lette Midsiuwen.
Mei tal fan archeologyske foarwerpen, lykas juwielen, muntskatten en spearen út de kolleksje oanfolle mei (ynter)nasjonale brûklienen, komt de wrâld fan Fryslân tusken 1067 en 1567 ta libben.
Wiebe Sjoerds Grovestins alias 'Scherrene Wijbe', skilderij út 1472 © Fries Museum, kolleksje KFG
It Fryslân fan doe wie grutter as de hjoeddeistige provinsje, oant de Wezer yn it Dútske Ostfriesland. De Friezen hienen in eigen bestjoer en keazen har eigen rjochters, hienen in eigen taal en in eigen styl fan klaaien.
Kegelfibula mei moannestien, 12de iuw © Groninger Museum
De tentoanstelling is te sjen fan 10 septimber oant en mei 9 jannewaris 2023. By de tentoanstelling ferskynt ek it boek Vrijheid, Vetes en Vagevuur. De middeleeuwen in het Noorden en in eigen bier.