Finer gouden muntfibula Noardeast-Fryslân: "Dit is de kroon op je werk"
"Dit is de kroon op je werk", seit archeolooch Robbert Velt út Ljouwert. Hy wol graach dat de gouden muntfibula, dy't er fûn hat, yn musea en op útstallingen komt te lizzen.
Velt fûn de fibula sneontemoarn:
Velt die syn fynst op in omploege stik boulân yn Noardeast-Fryslân. Syn resinte fynst leit no yn it archeologysk depot yn Nuis.
Velt docht al jierren ûndersyk op it terrein dêr't er de muntmantelspjelde fûn hat. Hy wie derfan oertsjûge dat dêr wat bysûnders lizze koe. Dochs kaam de fynst ûnferwachts, want moatst der mar krekt oerhinne rinne mei de metaaldetektor.
Fynplak ûnbekend
It fynplak wol er net bekend meitsje, oars komme der allegearre oare sikers. As dy tastimming oanfrege hawwe om dêr te sykjen, dan mei dat. De fynst is fan belang, want we witte noch net in soad oer de stinsperioade, neffens Velt. De fibula waard op it lichem droegen troch in hege ealman.
Wat foar Velt telt, binne net de euro's dy't syn fynst opsmite kinne. It giet him om de histoaryske wearde, want we kinne dêr no dochs gjin bier fan helje, seit er grapjeiend ferwizend nei de tsjintwurdige hoarekasluting fanwege corona.
Hy is tige wiis mei syn fynst. It is de moaiste fan 2022. Dat kin er no al sizze. De allermoaiste ea wie ferline jier doe't er in iermidsiuwske fibula boppe de grûn helle.
Under de grûn libje
Hoe kin it dochs dat Velt de iene nei de oare fibula fynt? Hy docht der in soad foar, sa ferklearret er. Dat ferjitte minsken wolris. It is te ferlykjen mei 'ûnder de grûn libje'.
Robbert Velt
Neffens it Fries Museum yn Ljouwert is dizze fibula in bysûndere fynst. "Het leuke van die munten is dat ze eigenlijk alleen worden gevonden in het Friese gebied. Dus er lijkt sprake te zijn van een Friese juwelentraditie die te maken heeft met de Friese identiteit", seit Diana Spiekhout, konservator fan it museum.
It Fries Museum wie tafallich dwaande mei in ûndersyk nei ditsoarte fan sierguod. Yn septimber iepenet in tentoanstelling oer de midsiuwen, mei dêryn ek omtinken foar gouden sieraden fan de Friezen.