Provinsjale Steaten tsjin nije natuergebieten by Aldegea en Himmelum

Provinsjale Steaten prate oer stikstof © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Provinsjale Steaten wize opnij plannen foar twa nije Natura 2000-gebieten yn Fryslân ôf. Woansdei waard in moasje fan it CDA dêrta oannaam. Earder hat de provinsje him nei Den Haag ta ek al útsprutsen tsjin de plannen.
Wylst de boeren prostearren, of oan it wurk wienen, waard op it provinsjehûs yn Ljouwert troch de polityk praat oer de stikstofplannen. Benammen oer it plan om yn Fryslân twa nije Natura 2000-gebieten oan te wizen. Dat soe de stikstofproblemen allinnich mar grutter meitsje.

"Den Haag kin net om de provinsje hinne"

Minister Van der Wal wol natuergebieten by Aldegea en Himmelum yn de gemeente Súdwest-Fryslân de Natura 2000-status jaan. It CDA yn Fryslân is dêr poer op tsjin en brocht in moasje mei dy strekking yn stimming.
Dy helle it. Steatelid Anne Schelhaas hopet dat it Den Haag dúdlik wurden is dat se net om de provinsjes hinne kinne.
Fyftjin steateleden stimden tsjin de moasje. Der klonk ek in ferwyt fan 'ferkiezingsretoryk'. Schelhaas koe dat fan 'e hân wize. Syn partij hie de moasje al yntsjinne foardat bekend wie dat der woansdei lanlike boere-aksjes wiene.

'Oerstallich'

GrienLinks stimde tsjin de moasje fan it CDA. Jochem Knol neamt de moasje 'oerstallich'. In mearderheid fan sawol Provinsjale as Deputearre Steaten hie him al earder útsprutsen tsjin de plannen.
Als onderwijzers protesteren nemen ze een balpen mee. Hier trekkers. Dat werkt intimiderend.
Jochem Knol, steatelid Grien Links
Grien Links-steatelid Jochem Knol set fierders fraachtekens by de protesten fan de boeren mei trekkers. "Als onderwijzers protesteren nemen ze een balpen mee. Hier trekkers. Dat werkt intimiderend. Ik vraag me af of dit goed is."

Trekkers foar provinsjehûs

Yn 'e rin fan woansdeitemiddei kamen sa'n fjirtich boeren nei it provinsjehûs om mei steateleden yn petear te gean. Se easken fan harren in tasizzing swart op wyt dat Fryslân net meidocht oan it stikstofbelied fan it Ryk.
De aksjefierders giene op de stoep fan it Provinsjehûs yn diskusje mei ûnder oare Sijbe Knol (FNP), Menno Brouwer (PvdD), Klaas Kielstra (VVD) en Hetty Jansen (PvdA).
Sy wiisden de aksjefierders op it eigen Fryske útfieringsplan, mar giene net yn op it fersyk fan de boeren om in aparte ferklearring op papier te setten en te ûndertekenjen.
Knol en Wiersma (50+) foar it provinsjehûs yn Ljouwert yn petear mei aksjeboeren © Omrop Fryslân, Onno Falkena
"Jo harkje tefolle nei Den Haag", sei wurdfierder Mark de Jong fan de aksjefierders tsjin VVD-steatelid Klaas Kielstra.
Dy ûntstried dat. "Wy fine de agraryske sektor hiel wichtich. Krekt dêrom hawwe wy in eigen plan en dêr hâlde we oan fêst."
De aksjefierders wiene mar heal tefreden mei dat antwurd. "Gjin stikstofplan soe noch better wêze."
De provinsje hat net it lêste wurd oer de Natura 2000-gebieten. Dat hat minister Van der Wal fan Natuer en Stikstof.
Anne Schelhaas en Jochem Knol