Deputearre Fokkinga hat begryp foar demonstrearjende boeren

Deputearre Klaas Fokkinga © Omrop Fryslân
Stikstofdeputearre Klaas Fokkinga hat der alle begryp foar dat boeren woansdei op de trekker stapt binne foar de grutte boeredemonstraasje by Stroe.
Neffens Fokkinga is de stikstofoanpak fan minister Van der Wal ûnfoldwaande ûnderboud en hat dy dêrtroch foar ûnnedige ûnrêst soarge.
Dy ûnrêst komt ûnder oare troch in grutte transysjesône op de kaart fan de minister. Boeren yn dy oergongssône soene 47 prosint stikstofútstjit beheine moatte. Dy sône wie foar de boeren, mar ek foar de provinsje in grutte ferrassing.

Stikstofkaart

It is deputearre Fokkinga oardel wike nei de presintaasje noch hieltyd net dúdlik wêr't minister Van der Wal har stikstofkaart krekt op basearret. De provinsje hâldt dêrom fêst oan it eigen Utfieringsprogramma Stikstof mei in oare minder fiergeande kaart en minder fiergeande doelstellings.
Ik kin my yntinke dat minsken bot ûngerêst binne.
Deputearre Fokkinga
Dat de boeren yn sa'n ûndúdlike situaasje yn aksje komme, snapt Fokkinga wol: "Ik kin my yntinke dat minsken bot ûngerêst binne."
Der is ferskil yn miening by de boeren. Guon sizze dat it hiele stikstofplan fan tafel moat, Oaren fine de provinsjale plannen better as dy fan it Ryk.
Fokkinga: "Oer it generaal kin it provinsjale plan hiel goed utfiering jaan oan de stikstofwet. Dan kinne de doelen ek berikt wurde. Der is mear begryp foar it provinsjale stikstofplan." Fan it Ryk mei de provinsje fierder gean op basis fan it eigen stikstofprogramma.
Foar ús is it net sa dat de agraryske sektor fan de eilannen ôf moat.
Deputearre Klaas Fokkinga
Boeren fan Skiermûntseach dogge ek mei oan it stikstofprotest, ek al rint der op it eilân in spesjaal projekt om de stikstofútstjit te drukken.
Fokkinga: "Der binne ôfspraken makke en dy sille we útfiere. Yn de provinsjale plannen is it mooglik dat de eilanner boeren bliuwe. Dat wol net sizze dat der neat barre moat. Dêr is ek kontakt oer mei in tal boeren. Foar ús is it net sa dat de agraryske sektor fan de eilannen ôf moat."
Deputearre Klaas Fokkinga
Dan wie der woansdeitemoarn ek noch in opmerklik barren op it Provinsjehûs. Leden fan de partij Forum voor Democratie stelden in fraach oan deputearre Fokkinga en rûnen dernei fuort.
Fokkinga fette dy fraach net op as in direkte fraach oan him. It wie mear in retoaryske fraach, in fraach dêr't gjin antwurd op ferwachte wurdt, seit er.
Forum voor Democratie-Steatelid Durk Dijkstra
Omrop Fryslân-ferslachjouwer Onno Falkena hat op de stoepe fan it Provinsjehûs mei de Forumleden praat. "Se fûnen de reakjes fan Deputearre Steaten te slap. Dy soene wegerje moatte om mei te wurkjen oan it stikstofbelied. It hiele plan moat fan tafel."
"Wy stean dêr oars yn", seit Fokkinga. "In lyts jier ferlyn is in wet oannaam. As middenbestjoerder stean wy derfoar om dy wet út te fieren."
Trekkers by Provinsjehûs © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Yn 'e rin fan 'e middei kamen sa'n fjirtich boeren nei it Provinsjehûs om mei steateleden yn petear te gean. Se easken fan harren in tasizzing swart op wyt dat Fryslân net meidocht oan it stikstofbelied.
Jo harkje tefolle nei Den Haag.
Wurdfierder Mark de Jong fan de aksjefierende boeren tsjin VVD-steatelid Klaas Kielstra
De aksjefierders giene op de stoepe fan it Provinsjehûs yn diskusje mei ûnder oare Sijbe Knol (FNP), Menno Brouwer (PvdD), Klaas Kielstra (VVD) en Hetty Jansen (PvdA). Sy wiisden de aksjefierders op it eigen Fryske útfieringsplan, mar giene net yn op it fersyk fan de boeren om in aparte ferklearring op papier te setten en te ûndertekenjen.
Aksjefierders yn petear mei Menno Brouwer (PvdD) © Omrop Fryslân, Onno Falkena
"Jo harkje tefolle nei Den Haag", sei wurdfierder Mark de Jong tsjin VVD-steatelid Klaas Kielstra. Dy ûntstried dat. "Wy fine de agraryske sektor hiel wichtich. Krekt dêrom hawwe we in eigen plan en dêr hâlde we oan fêst."
De aksjefierders wiene mar heal tefreden mei dat antwurd. "Gjin stikstofplan soe noch better wêze."