Aksjefierende boer Nij Beets: "Mei tritich kij binne je gjin boer mear"

Warner van der Leeuw © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Boeren sille moarn stadich ride op de A7 tusken Drachten en It Hearrenfean, om te protestearjen tsjin de oankundige stikstofplannen. Dy sneldyk rint troch Natura 2000-gebiet Van Oordt's Mersken hinne.
Boer Warner van der Leeuw fan Nij Beets docht mei oan it protest. Hy hat in buorkerij op hûndert meter ôfstân fan it Natura 2000-gebiet. "As de plannen trochsette sa as se no bekendmakke binne, dan betsjut dat in dit gebiet 70 persint redusearje."
"Ik ha hûndert kij, dus dat binne santich kij." Neffens van der Leeuw is dat gjin dwaan: "Mei tritich kij binne je gjin boer mear."

Krityske deposysjewearde

Van der Leeuw begrypt wol dat de natoer beskerme wurde moat. "Der moat fansels wat barre, mar it kabinet sjocht no allinnich nei dy krityske deposysjewearde, en der binne in hiel soad redenen om te tinken, wêrom allinnich dêr nei sjen?"
Neffens him moat der folle mear sjoen wurde nei de werklike steat fan de natoer. "As je allinnich sjogge nei de krityske deposysjewearde, dan is alles ûnmooglik. Dan kin elkenien wol ophâlde."

Protestaksje

It is foar him reden genôch om woansdei ek mei te dwaan oan de protesten tsjin de stikstofplannen. "Woansdei sil ik protestearje, ik bin gewoanwei hielendal net sa'n protestearder. Mar dochs om te besykjen dúdlik te meitsjen dat dit gjin realiteit wêze kin."
Boer út Nij Beets fiert aksje
Boeren yn de buert fan it Natura 2000-gebiet moatte 70 oant 95 persint stikstofútstjit redusearje, wylst neist harren pleats it ferkear trochraast.
De boer fan Nij Beets fynt it bryk dat yn de ôfrûne jierren in soad boeren om it natoergebiet hinne al opholden binne. "Mar de A7 is de ôfrûne tritich jier miskien wol fertrijedûbele. Dy A7 moatte wy ek mar efkes in bytsje redusearje."

Boeren ree

Neffens Van der Leeuw is de reewilligens by de boeren om de natoergebieten hinne heech. "Der binne bêst wat maatregels dy't we noch nimme kinne en nommen ha."
De protestaksjes wurde organisearre om't der gjin romte foar in petear mei de oerheden liket te wêzen, tinkt er. "Hoe't it kabinet him op dit stuit presintearret, wurdt dat hiel lestich. Wy ha hjir 'gebiedsgerichte aanpak' yn dit gebiet, der binne ynterviews holden mei de boeren oer wat se yn de takomst wolle."
"Elkenien wie ree om stappen te nimmen, en as dan de brief op de matte falt dat je 70 persint redusearje moatte, dan slagge je de gearwurking stikken."
Boer Warner van der Leeuw fan Nij Beets