Aksjefierende boer sjocht werom op protesten: "De massalens wie ferrassend"

Trekkers op de A1 © ANP
Tûzenen trekkers wiene woansdei de dyk op om te protestearjen tsjin it stikstofbelied. Yn Fryslân stie in flinke file op de A7 om't de trekkers der langsum oer de sneldyk rieden. Ek hat in tal Fryske boeren nei Stroe west foar de grutte lanlike aksje.
Boer Warner van der Leeuw hat in pleats by Nij Beets. Hy is eins hielendal net sa'n aksjefierder, seit er. Dochs koe er mei de oankundige stikstofplannen net oars, en dêrom demonstrearre er mei. "Ik ha in kear in rûntsje oer de sneldyk makke mei de trekkers, in 'langzaamaanactie'."
Warner van der Leeuw © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
"Dat dit nedich is, is hiel spitich. Wat my dochs opfoel, wie de ienichheid ûnder de boeren", fertelt er. Foar in soad minsken wie it de earste kear. "Ik ha mei in soad minsken praat dy't seinen dat se gewoanwei nea protestearje, mar troch wat der no leit dy needsaak wol seagen."
De stikstofplannen fan it kabinet binne "absurd", fynt Van der Leeuw. "Dat je sa'n diktaat oer je hinne krije, en dat se allinnich sjogge nei dy krityske deposysjewearde en net harkje wolle. Op dizze wize slagge je de gearwurking stikken, dat is skande."
Trekkers op A7 © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De plannen binne neffens him net wurkber. "Wy binne bêst reewillich, mar dan moatte je wol romte ha om te ûndernimmen en maatregels te nimmen. Dan moatte je net oankomme mei kaartsjes mei 70 persint reduksje."
De massalens wie ferrassend, dat sa'n soad boeren fan harren hearre litte.
Boer Warner van der Leeuw oer de boereprotesten
De protesten ferrûnen goed, skat Van der Leeuw yn. "Der wienen fansels mominten dat it efkes spannend wie, mar oer it algemien wie de sfear hartstikkene okee en de saamhoarichheid grut. De massalens wie ek ferrassend, dat sa'n soad boeren fan harren hearre litte."
Hy hopet dat de protesten effekt ha sille. "Wy ha fan ús hearre litten. Mar klear, se sille de plannen no fansels net direkt omdraaie", relativearret er.

Hinder

Omdat de aksje yn Fryslân op lege snelheid oer de sneldyk gong, hiene oare minsken ek lêst fan it protest. "Ik tink dat hiel soad minsken it wol begripe, dat dit de wize net is. Fansels hienen minsken de hinder fan, mar om twa oere middeis ried alles alwer troch."
Weromsjen mei boer Warner van der Leeuw fan Nij Beets
Hoe't it no fierder giet is neffens him oan Den Haag. "Dan moatte je de polityk freegje, ik hoopje dat se lústerje en sjogge dat boeren wol reewillich binne."

Friezen yn Stroe

Guon boeren demonstrearren yn eigen provinsje, oaren makken de tocht nei Gelderlân. Tjitske Dijkstra fan Raard is ien fan de boeren dy't woansdei yn Stroe wiene, dêr't boeren út it hiele lân wei gearkamen.
Dijkstra protestearre omdat se neat sjocht yn de stikstofplannen fan it kabinet. "Der wurde saken regele sûnder goede ûnderbouwing, en sûnder wittenskiplike sifers. Sy smite it yn in model en dan rûgelet der wat út."
De kaart yn de brief fan minister Van der Wal neamt se in "lachertje". Se fynt it wichtich dat de boeren woansdei allegearre in sinjaal ôfjûn ha. "Wy sitte miskien noch goed, mar as we hjir net mei syn allen stean, dan wurdt it allinnich mar slimmer."