Jamie Jacobs langer by Cambuur: "Der sit folle mear yn dy jonge"

Jamie Jacobs © Orange Pictures
Jamie Jacobs bliuwt dochs spiler fan SC Cambuur. Hy hat in nij ienjierrich kontrakt tekene mei in opsje op noch in jier.
Dat betsjut dat Jacobs woansdeitemiddei ek op de boat stappe sil nei It Amelân. Dêr begjint de seleksje fan Cambuur mei in lyts trainingskamp oan it nije seizoen.

Kontraktferlinging

Jacobs hie in ôfrinnend kontrakt by Cambuur en al yn in ier stadium joech er oan wachtsje te wollen mei ferlinging. De Ljouwerters hawwe dêrop harren oanbieding ynlutsen en Jacobs like fuort te gean. Under oaren Vitesse soe him wol hawwe wolle.
Mar nei meardere petearen mei trainer Henk de Jong bliuwt Jacobs no dochs. "Der sit noch folle mear yn dy jonge", sei De Jong moandei yn de SportCast fan Omrop Fryslân.

Dynamyske rinaksjes

Jacobs kaam trije jier lyn oer fan AZ, dêr't er net trochbrekke koe yn it earste. Yn de jierren dat Cambuur yn de earste divyzje spile, makke er yndruk mei syn doelpunten en dynamyske rinaksjes.
Dat die er it ôfrûne earedivyzjeseizoen yn de earste moannen ek, oant er syn basisplak ferlear. Yn de twadde seizoenshelte hat Jacobs net folle mear spile.