Jamie Jacobs liedt Cambuur nei earste punten fan it seizoen

Sportclub Cambuur hat sneontejûn de earste punten fan it seizoen pakt. Jamie Jacobs soarge mei twa goals foar in 2-0 oerwinning op FC Twente, dat nei in oere mei tsien man kaam te stean.
© Orange Pictures
De ploech fan âld-Hearrenfeantrainer Ron Jans, mei yn de basis Snitser Michel Vlap soarge foar it earste gefaar fan de wedstriid. Ricky van Wolfswinkel kaam driigjend de sechtjinmeter yn en Alex Bangura wie mar krekt op tiid om syn skot te blokkearjen. In kopbal fan Calvin Mac-Intosch soarge oan de oare kant efkes foar wat gefaar.
De Ljouwerters wiene dúdlik net bang: se setten hieltyd oan en kamen dan ek geregeld foar de goal fan Lars Unnerstall. Dy Dútske doelman wie lykwols yn foarm: hy fiske ynsetten fan ûnder oaren Tom Boere, Bangura, Robin Maulun en Issa Kallon fan de line.

Besykje

Cambuur die nei it skoft dêr't it de earste helte al bleaun wie: besykje, besykje, besykje. Dat waard nei in lyts oerke krekt wat makliker makke troch Luka Ilic. De Twente-oanfaller pakte giel nei in oertrêding op Kallon en kaam amper fiif minuten letter te hurd yn op Bangura: read.
Nei noch in pear kânskes wie it dan lang om let raak. In perfekt baltsje fan Michael Breij kaam foar de fuotten fan ynfaller Jamie Jacobs, dy't fan tichtby de 1-0 binnenwurke.

Gjin risiko

Nei it doelpunt kaam Twente der eins net mear oan te pas. Cambuur woe net te folle risiko nimme, maar koe noch wol flinke kânsen kreëarje. Sa hie Jacobs de 2-0 eins meitsje moatten, mar de middenfjilder kopte in foarset fan Maulun neist de peal.
Hielendal klear wie Twente noch net, want Sonny Stevens moast tsien minuten foar tiid noch yngripe. De doelman fiske in skot fan Luca Everink mar krekt út de rjochterhoeke.
Krekt nei it yngean fan de ekstra tiid makke Jacobs dan dochs dien wurk. In rappe counter fan Kallon kaam fia David Sambissa foar syn fuotten. Jacobs joech Unnerstall gjin kâns troch hurd de 2-0 einstân raak te sjitten.
SC Cambuur - FC Twente 2-0 (0-0). 66. Jacobs 1-0, 90. Jacobs 2-0.
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Bangura; Hoedmakers, Maulun, Breij (89/ Sambissa); Kiss (46/ Jacobs), Boere, Kallon.