Jamie Jacobs: "Ik wil net zo goed worden als Davy Klaassen"

SC Cambuur-spiler Jamie Jacobs is mei syn goals en assists de middenfjilder mei it measte rendemint yn de Keuken Kampioen Divisie. Jacobs is te gast yn de Sportcast. We prate oer it naderjende kampioenskip, oft se klear binne foar de Earedifyzje en we ha in Mystery Guest. Dêrneist hawwe we it oer de komst fan Lasse Schöne nei sportklup Hearrenfean.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Jacobs sit fol fertrouwen oer syn ploech. Cambur stiet earste en promoasje lonkt. Mar hoe komt it dan mei de ploech as se nei de Earedifyzje gean? Cambuur-watchers Geert van Tuinen en Andor Faber fine dat der dan wol wat feroarje moat oan de seleksje, mar Jabobs parearret dat. "Ik vind wel dat wij nie heel veel onder doen voor de clubs in het rechterrijtje. Met dit team ook. Daar durf ik mijn hand wel voor in het vuur te steken."
De wize fan fuotbaljen moat miskien oars. "Maar in de voorbereiding speelden we Emmen bijvoorbeeld helemaal zoek. Ik denk niet dat wij onder doen voor veel clubs. ADO moeten wij kunnen hebben. Ik denk dat we ook Heracles prima tegenstand kunnen bieden. Winnen? Waarom niet?"
Jacobs makke dit seizoen oant no ta acht goals en joech alve assists. Hy is produktyf en effisjint. Mei hokker spiler ferliket hy himsels? "Voor mijn spel, waar ik veel naar kijk, is Davy Klaassen. Dat is het type speler, als ik mij echt top top ontwikkel, denk ik dat ik wat hij kan ook zou kunnen. Dat lijkt mij een mooi doel. Van achteruit mee naar voren komen en dan scoren."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje we ek oare ûnderwerpen.