Henk de Jong werom by Cambuur: "Sin om wer as in twirrewyn troch it stadion te gean"

Henk de Jong is nei in rêstperioade fan in lyts healjier werom by SC Cambuur. De lêste wiken is hy op de eftergrûn al drok dwaande en woansdei stiet er foar it earst wer op it fjild.
"It giet top", seit De Jong yn de SportCast fan Omrop Fryslân. Yn novimber ferline jier rekke de coach derút troch in kyste yn 'e holle. Dy kyste sit der noch altyd, mar troch de ôfrûne moannen rêst te nimmen, binne de klachten no ferdwûn.
De Drachtster hat noait twivele oft er wol as trainer by Cambuur weromkomme koe. Mei tank oan de doktoaren en in psycholooch, dy't him fertelden dat er syn libben feroarje moast. "Se seine: dat ding yn dyn holle is dyn stressmeter. Ast klachten krijst, moast derom tinke. Mar it giet hartstikke goed. It is in wrâld fan ferskil", fertelt De Jong.
It Amelân
De ôfrûne wiken hat de 57-jierrige trainer alwer drok oan 'e gong west. Hy hat meardere petearen mei potinsjele nije spilers fierd. It wurk op de foargrûn begjint no ek wer. Woansdei stapt De Jong mei syn stêf en spilers op de boat nei It Amelân.
Dêr begjint Cambuur oan it nije seizoen, tradisjoneel mei in trainingskamp fan trije dagen. De Jong sil dan wer op it fjild stean.
Wêr sjocht hy no it meast nei út? "Om wer mei dy jonges op dat fjild te stean. En wer ien by de earen te pakken. En moarns troch de klaaikeamer en troch de kantoaren te rinnen. Ik ha sin om wer as in twirrewyn troch it stadion te gean."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Op it trainingskamp sille der yn elts gefal twa nije gesichten mei gean. Remco Balk wurdt hierd fan FC Utrecht en Jeremy Helmer sil in pear wiken op proef komme. Mar dêr hâldt it net mei op.
Cambuur wol Van den Belt
De Jong hat noch folop kontakt mei Sonny Stevens, Jamie Jacobs en Issa Kallon, dy't in ôfrinnend kontrakt hawwe, mar mooglik dochs bliuwe. En de eagen fan Cambuur binne rjochte op PEC Zwolle-spiler Thomas van den Belt.
Dêr draait De Jong ek net omhinne. "Thomas is ien dy't him trochûntwikkelje kin nei in hiel goeie middenfjilder dy't by in topklup einiget. Ast reëel bist, soest fjouwer, fiif ton betelje moatte. Dan binne wy hiel ynteressearre", jout de Cambuurtrainer ta.
De SportCast mei Henk de Jong