Weromsjen op it seizoen fan Cambuur: "Het was een rollercoaster"

De gasten yn de SportCast © Omrop Fryslân
Hege sportive piken en djippe persoanlike dalen: sa kin it seizoen fan SC Cambuur it bêste gearfette wurde. Yn in ekstra SportCast sjogge we mei fjouwer haadpersoanen werom op it jier fan de Ljouwerters.
Nea earder einige Cambuur as njoggende fan de earedivyzje. Mar dêr stiet tsjinoer dat der mei Foeke Booy, Henk en Ruben de Jong en Pieter Bos in soad sûnensproblemen wiene fan klupmeiwurkers.
"Het was een rollercoaster", omskriuwt Alex Bangura it seizoen fan de Ljouwerters. "Als je op het einde van het seizoen historie schrijft, ook al is het moeizaam en niet met het beste voetbal, dan vind ik een rollercoaster het beste woord dat erbij past."

"Bijzonder knap"

Oanfierder Erik Schouten slút him dêr wol by oan. "Er is zoveel gebeurd dit seizoen. Maar als je daar uiteindelijk doorheen kijkt, is het bijzonder knap hoe wij gepresteerd hebben en de negende plaats behaald hebben", fertelt de ferdigener, dy't nei trije seizoenen ôfskie nimt.
Of is it boek-Cambuur noch net hielendal ticht foar Schouten? "In de voetbalwereld zit er altijd een vinger tussen", laket er. "Bij mij is het een nageltje. Een heel klein nageltje."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Ynterim-trainer Dennis Haar hie fan ein maart ôf de lieding oer Cambuur. Hy spile meardere kearen lyk, wêrûnder yn de Fryske derby, en wûn de slotwedstriid tsjin FC Groningen. "Ik heb er veel van geleerd en ik heb het met heel veel plezier gedaan", seit Haar.
Syn moaiste momint by Cambuur wie ôfrûne snein, doe't de spilersbus troch hûnderten fans opwachte waard by it stadion nei de 3-2 oerwinning yn de Euroborg. "Dat is waarvoor je het doet. En waar voetbal voor bedoeld is, voor de supporters."

Seleksje nei Ibiza

De seleksje fan Cambuur wie tongersdei foar it lêst yn it stadion. Kommend wykein slute se mei-inoar it seizoen ôf op it Spaanske eilân Ibiza.
De tarieding op it nije seizoen set ein juny útein mei Henk de Jong dy't weromkomt as haadtrainer.
SportCast út it Cambuurstadion wei