Dream komt út foar Noppert: "Kâns moatte je mei twa hannen pakke"

© Omrop Fryslân
Der komt in dream út foar Andries Noppert mei it ûndertekenjen fan syn kontrakt by sc Hearrenfean. Yn de SportCast fan Omrop Fryslân fertelt er wêrom.
De Jouster stiet de kommende twa seizoenen ûnder de latte yn it Abe Lenstra Stadion. Hy hat om tafel sitten mei minsken fan sc Hearrenfean en hie regelmjittich kontakt mei keeperstrainer Ruud Hesp.
Ek de komst fan Kees van Wonderen, no de trainer fan Andries Noppert by Go Ahead Eagles, hat meiholpen. "As ik nee sizze soe, soe ik lige. Fansels hat it wol in rol spile", jout de 28-jierrige berne Feanster ta.
Yn de jeugd keepte Noppert al by Hearrenfean. En as lyts jonkje seach hy it al foar him: "Yn it earste fan Hearrenfean spylje, hat froeger myn dream west. No docht it him foar en moat je dy kâns mei twa hannen pakke."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
De konkurrinsje foar Hearrenfean wie lykwols grut. Ek SC Cambuur, Heracles Almelo en FC Utrecht woene Noppert hawwe. En hy koe syn kontrakt ferlingje by Go Ahead Eagles.

Medyske keuring by Cambuur

De keeper is foarige wike medysk keurd troch Cambuur. "Ik kin my wol foarstelle dat minsken tinke: dat is raar", seit Noppert dêroer. "Wy ha besluten dat op in oare manier te dwaan. Dat wol noch net sizze dat we in akkoart hiene, absolút net. We ha it allinnich omdraaid."
"In hiel soad minsken sille sizze: wêrom? Om't wy ús dêr goed by fielden", fertelt Noppert, dy't ek hiel iepen wie tsjin alle klups oer in knibbeloperaasje foar oardel jier lyn. "Dêroer ha ik iepen kaart spile."
Werom nei syn nije klup, sc Hearrenfean. Noppert tinkt, nettsjinsteande de konkurrinsje fan Xavier Mous, dat de kâns op minuten grut is by de Feansters. "As ik myn normale nivo helje, dan sjoch ik gjin reden wêrom it net gebeure soe. Neat ta neidiel fan elts dy't der sit, hielendal net."