Mark Diemers werom nei SC Cambuur? "Ze hebben me gebeld"

De SportCast mei Mark Diemers © Omrop Fryslân
SC Cambuur hat fia trainer Henk de Jong frege oft Mark Diemers iepenstiet om werom te kommen. Dat fertelt de 28-jierrige middenfjilder yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
Mark Diemers is in echte Ljouwerter en begûn syn karriêre by SC Cambuur. Dêrmei waard hy yn 2013 kampioen fan de earste divyzje, wêrnei't er de oerstap makke nei FC Utrecht. Letter spile Diemers noch foar De Graafschap, Fortuna Sittard, Feyenoord en Hannover 96.
Hy stiet noch altyd ûnder kontrakt by Feyenoord, mar waard it ôfrûne healjier ferhierd oan it Dútske Hannover 96. Dêr hat Diemers it wol nei syn sin hân, ek al wie it yn de Twadde Bundesliga. "Ik heb daar wel een goede periode gehad, ook al speelde ik in een wat andere rol, als controlerende middenvelder."

Takomst

It is noch net dúdlik wêr't Diemers kommend seizoen spilet. Hy stiet noch ien jier ûnder kontrakt by Feyenoord, mar dêr hat er eins gjin perspektyf op in soad minuten. Hannover 96 wol Diemers hâlde, allinnich dy klup kin de transfersom dy't Feyenoord freget net betelje.
Als Henk twaalf spelers belt, haalt-ie er elf binnen.
Mark Diemers oer Henk de Jong
De Ljouwerter soe ek weromkomme kinne by de klup dy't noch altyd syn grutte leafde is. Alteast, trainer Henk de Jong sjocht syn komst wol sitten. "Hij heeft wel gevraagd of ik opensta voor een terugkeer bij Cambuur", jout Diemers ta.
"Hij heeft me gebeld. En Henk probeert het altijd. Hij is daar super goed in. Als hij twaalf spelers belt, haalt-ie er elf binnen", laket de middenfjilder. "Maar in eerste instantie leg ik mijn focus op het buitenland. Mocht daar niets komen wat ik zou willen, is een club in Nederland ook een optie."
De SportCast mei Mark Diemers en Stefan Bleeker