Fryske assistint-skiedsrjochter bekûgele: "Soks ha ik noch noait meimakke"

© Omrop Fryslân
Assistint-skiedsrjochter Jan de Vries fan Gytsjerk is noch altyd oan it bekommen. Snein waard er by de wedstriid tusken ADO Den Haag en Excelsior bekûgele mei muntsjes, oanstekkers en sels in lyts fleske drank.
"Ik bin bekôf nei sa'n jûn. Dat nimt in protte fan je", fertelt De Vries in dei letter yn de SportCast fan Omrop Fryslân. Der ûntstie opskuor by de wedstriid om promoasje nei de earedivyzje nei't it arbitrale trio in strafskop joech oan Excelsior.
Dy waard mist, mar op dat momint smieten de fans fan ADO al fan alles nei De Vries ta. "Undertusken krige ik al ien- en twa-euromunten nei my tagoaid. Der lei ek al in fleske Jägermeister efter my."
Dêr bleaun it net by. "Op in gegeven momint krige ik in oanstekker tsjin de holle. Doe sei ik tsjin Danny (Makkelie, de skiedsrjochter, red.): we gean derôf. Soks ha ik noch noait meimakke. Dit wie wol ekstreem", fertelt de Gytsjerker.
Jan de Vries (links) fertelt skiedsrjochter Danny Makkelie dat er rekke is troch in oanstekker © Orange Pictures
Nei de wedstriid rûn it op 'e nij út de hân mei de fans fan de Hagenaars. Se stoarmen nei de beslissende strafskop, dy't tsjinstanner Excelsior promoasje opsmiet, it fjild op en bekûgelen de fans fan de tsjinstanner mei fjoerwurk.
Op dat momint stie De Vries op in feilich plak. Mar syn kollega Hessel Steegstra fan Snits net. "By de miste penalty stie er al yn de starthâlding klear om fan it fjild ôf te sprinten. We wiene moai op 'e tiid binnen. Mar it is hiel tryst dat it sa moat", seit De Vries.
Hy en Steegstra hawwe no in pear wiken frij en moatte dan op 21 juny nei Spanje. Dêr folgje se in saneamd seminar yn de tarieding op it wrâldkampioenskip fuotbal dêr't se mei skiedsrjochter Makkelie nei ta geane.
De SportCast mei Jan de Vries, Sipke Hulshoff en Marinus Dijkhuizen