Ekologyske sleat mei planten belangryk foar floara en fauna

Sleat © ANP
By natuerynklusive lânbou wurdt it lân sa ynrjochte dat floara en fauna sa ideaal mooglik har gong gean kinne. Dêrby wurdt ek sjoen nei de sleatten.
"Yn in ekologyske sleat bliuwe planten yn it wetter stean", seit Marianne Thannhauser fan Wetterskip Fryslân. "Fan elke soart, dus reid en tuorrebouten, mar ek planten op it wetter en der moatte ek planten ûnder wetter bliuwe. Dus net hielendal skjin en leech."
It wetterskip is mei programma's dwaande om mear wetterplanten stean te litten. "Dan is der ek mear romte foar de fisken en bistjes yn it wetter, dy ha dy planten nedich. En krijst ek bioferskaat. By ynklusiviteit heart ek de oergong fan it wetter nei it lân. Der moat in barriêre komme, oars streamt alle dong sa it wetter yn, en dat is net goed foar de wetterkwaliteit."

Sleat as korridor

Jaap Zuidersma ûndersiket de wetterkwaliteit. "We ha twa sleatten ûndersocht, de iene is mei behear en de oare sûnder. Yn de iene fine we fyftjin soarten en mar fjouwer yn de oare. Dat is in behoarlik grut ferskil."
Der is 300.000 kilometer oan sleatten yn Nederlân. "Sleatten binne in soarte fan korridor foar it hiele lân, de iene rint oer yn de oare. As de iene goed beheard wurdt, komme de dieren fan de iene nei de oare sleat."
Marianne Thannhauser en Jaap Zuidersma