Fryske boeren nedich foar ûndersyk nei duorsume lânbou

Foar in ûndersyk nei it omskeakeljen nei duorsume lânbou siket Wageningen University ek Fryske boeren. Mei it ûndersyk moat dúdlik wurde wêr't de knyppunten lizze yn de kar foar kringlooplânbou, biologysk- of natuerynklusyf buorkje.
© ANP
It ûndersyk wurdt dien troch Wageningen University & Research en Stichting Stimuland yn opdracht fan it ministearje fan Lânbou. It ministearje wol ynsjoch yn de risiko's en wol ek witte hoe't sy boeren it bêste stimulearje kinne ta in 'frijwillige transysje.'
Foar it ûndersyk binne de 20 ikkerbouwers, 20 melkfeehâlders en 20 bargehâlders nedich út it noardeastlike part fan it lân. Dêr moatte ek boeren út Fryslân tusken sitte. It moat gean om agrarysk ûndernimmers dy't sels omskeakelje wolle, boeren dy't noch twivelje en boeren dy't besletten hawwe net te ferduorsumjen.