Nij inisjatyf Aardpeer wol jonge boeren helpe natuerynklusyf te buorkjen
Boeren helpe mei de oergong nei natuerynklusyf buorkjen, troch it foar jonge boeren betelber te meitsjen. Dat is de bedoeling fan ferskate partijen, dy't de krêften sammele ha yn it inisjatyf Aardpeer. Boer Jaring Brunia fan Raerd is ambassadeur fan Aardpeer en ien fan de earste boeren dy't stipe krigen hat. "Ik koe myn bedriuw fan 40 bunder útwreidzje mei 25 bunder fan de buorman. No kin ik mear kij hâlde, en dus ha ik in hegere opbringst."

Mei Aardpeer wolle ferskate partijen de transysje nei natuerynklusyf buorkjen foar jonge boeren betelber meitsje, seit Brunia. "Wêr it faak knypt is dat boeren faak wol natuerynklusyf buorkje wolle of mear dwaan wolle foar de greidefûgels, mar dêr ha se mear lân foar nedich. En lânbougrûn is hartstikke djoer. In jonge boer kin dat faak net betelje. Aardpeer wol yn dat gat springe, sadat jonge boeren ek dy kâns krije."
Hiele bedriuw biologysker
De partijen achter Aardpeer dogge dat troch lânbougrûn op te keapjen, en it lân dêrnei oan de boer te ferpachtsjen. "As in boer foar dat jild nei de bank giet, is hy folle mear kwyt as wat er by Aardpeer betellet. Moatst wol in konkrete oankeapopsje ha op lân, en mei dy opsje kinst nei Aardpeer. Dan moatst fertelle hoe'tst op dyn pleats biologysker buorkje wolst. Dat jildt dan wol foar dyn hiele bedriuw. Ik hie bygelyks 40 bunder en ha der 25 bunder by krigen troch Aardpeer. Mar ik moat dan wol natuerynkuslyf buorkje op alle 65 bunder, net allinnich op it nije stik."
Aardpeer ferkeapet obligaasjes, en mei de opbringst kinne se boeren helpe mei de oankeap fan lânbougrûn. Foar Brunia betsjut it dat hy foar de lange termyn mear finansjele mooglikheden hat.
'Pleats yn de famylje hâlde'
En, ek net ûnbelangryk, ek oan de noch fierdere takomst is tocht: "Aardpeer seit: by de âlde folkeren seagen se sân generaasjes foarút. Dus ik ha de opsje om it pachtkontrakt, dat tritich jier rint, dêrnei mei nochris tritich jier te ferlingjen. Sa kinne myn bernsbern en de bern dêrfan miskien allegear op dizze pleats trochbuorkje. Dat soe fantastysk wêze."
Boer Jaring Brunia oer de stipe dy't hy krige fan Aardpeer