Wrotte, plukke en prate: mienskipstún Akkrum moat foar elkenien wêze

Rein Huitema yn de mienskipstún © Omrop Fryslân
In tún foar it doarp en ûnderhâlden troch de bewenners. In tún dêr't je oaren moetsje, mar ek lekker wrotte kinne. Dat is it doel fan de mienskipstún by tsjerklik sintrum De Lantearne yn Akkrum.
Yn de tún stiet in grut ferskaat oan planten en beamkes, ek âlde soarten. "Dêr stean de Bibelske planten. 'Cichorei', lykas dêr stiet of dêr, de Christusoog", wiist Rein Huitema oan. Hy is ien fan de frijwilligers dy't de tún ûnderhâldt.
Wrotte, plukke en prate yn de mienskipstún yn Akkrum
Sûnt dit wykein binne besikers wolkom. "It moat in soarte fan kleastertún wurde", seit Huitema. "Iepen foar eltsenien. It doel is dat dit in soarte fan moetingsplak wurdt. Dat minsken hjir al wrottend yn de tún yn petear komme." De beibeammen kinne ek plukt wurde. "Hofkesjonge kin hjir dus legaal."
De frijwilligers ha sels alles oanlein. Der is in pergola tsjin it tsjerklik sintrum oan boud, se ha in kapskuorre makke en der is neitocht oer hoe't de tún in frijplak wurde kin foar ynsekten en salamanders.
Wrotte yn de mienskipstún yn Akkrum © Omrop Fryslân
De frijwilligers dy't yn de tún wurkje genietsje fan elts momint. "Het is zo lekker hier. De grond ook, die is gewoon magnetisch. Je laadt hier helemaal op en krijgt allemaal nieuwe energie", seit Wilhelmina Hey.
Dat is eksakt it doel fan Huitema: "Minsken moatte har hjir thús fiele. Dan komme se ek ta rêst."
© Omrop Fryslân
Ferslachjouwer Hayo Bootsma yn de Lantearnetún fan Akkrum