Atelier Natuerlik Fryslân nûget Friezen út de natuer op wearde te skatten

Fryslân moat der yn 2050 wer kleurryk útsjen, mei in ferskaat oan planten en greidefûgels. Dat is it doel fan it Werstelprogramma Bioferskaat. Yn Tresoar yn Ljouwert is in eksposysje iepene oer dat tema.
De bioferskaat-útstalling moat ús in spegel foarhâlde:
De útstalling Atelier Natuerlik Fryslân 2050 moat minsken útnûgje om de natuer wer op wearde te skatten. De eksposysje is ûnderdiel fan it kulturele feest Arcadia, dat 100 dagen duorret.
Middenyn de stêd, mar je dochs thús fiele yn de ferskate lânskippen fan Fryslân. Yn histoarysk sintrum Tresoar sjocht de besiker hoe't je de skries of de otter in takomst jaan kinne en it gelok fine kinne yn in greide mei kleuren en krûden.
Keunstner Eva Mulder van Willigenburg by de eksposysje © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De bedoeling is dat it atelier krekt as Arcadia ek 100 dagen iepen is foar it publyk en dat it de kommende jierren troch de provinsje reizget.

Ferbûnens mei natuer en lânskip

Neffens Marcia de Graaff fan it Werstelprogramma Bioferskaat moatte ynwenners fan Fryslân der alles oan dwaan om it lanskip te rêden. "Wy moatte beseffe dat wy net allinne binne, mar ferbûn binne mei de natuer. Dat betsjut dat planten en bisten meibewenners binne fan it lânskip."
As je dy ferbining fiele, geane je der ek oars mei om, is de gedachte. Boppedat, sa hat ûndersyk útwiisd, fielt de minske him lokkiger yn in omjouwing mei in kleurrike natuer en yn it libben dat fûgels meitsje yn de greide.
Marcia de Graaff fan it Werstelprogramma Bioferskaat © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It is de heechste tiid, seit De Graaff. It Fryske lânskip wurdt skraler, der is noch mar 15 persint fan it bioferskaat oer. Guon bisten en planten driigje it te ferliezen fan de ekspânsjedrift fan de minske.
Marcia de Graaff fan it Werstelprogramma Bioferskaat
Dy minske krijt yn Tresoar tips om it oars te dwaan. "Je kinne bygelyks de tún ris groeie litte en it net alyd mar strak meane. Lit de natuer syn gong gean."
De eksposysje yn Tresoar © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Boer Sjoerd Miedema fan Haskerdiken docht dat ek en sei by de iepening fan de tentoanstelling dat 'opgeruimd niet altijd netjes is'. Miedema kaam mei hynder en wein de trije beloften bringen fan bekende Friezen oan de natuer. Dy waarden ophongen yn de eksposysjeromte, sadat net ien derom hinne kin.