Provinsje stipet siedkampanje: fan biljertlekken ta krûderyk lân

Provinsje Fryslân stipet de kampanje '1001ha' mei 15.000 euro. De kampanje kin dêrmei nochris 100 bunder Fryske lânbougrûn feroarje litte ta krûderyk gerslân, dêr is inisjatyfnimmer Urgenda wiis mei.
Krûderyk lân © ANP
De kampanje 1001ha bestiet al sûnt oktober 2020 en is opset as lanlike crowdfundingsaksje. It giet om in inisjatyf fan Urgenda en LTO Nederland. It doel wie om 1001 bunder lânbougrûn om te setten nei krûderyk gerslân. Dy 1001 bunder is al lang helle, lanlik is der mei help fan 800 boeren al 2.400 bunder oanpakt.

Koarting op siedmingsel

It idee: boeren krije in flinke koarting op it keapjen fan in krûderyk gerssiedmingsel. Dat is goed foar it bioferskaat boppe- en ûnder de grûn.
"We zien nu veelal één soort Engels raaigras. Maar deze mengsels bevatten wel zo'n 15 tot 20 soorten kruiden, klavers en grassen", leit Hanneke van Ormondt fan Urgenda út. "Er zitten verschillende lengtes wortels tussen. Bij droogte zijn er ook langere wortels die beter bij het water kunnen. Het is dus droogtebestendiger en de bodem wordt er ook veel luchtiger van."

Minder CO2-útstjit

It oare lân moat ek soargje foar minder CO2-útstjit. "Klavers en andere vlinderbloemigen halen stikstof uit de lucht en leggen het vast in de bodem. Daardoor is er minder kunstmest nodig. Het niet gebruiken van kunstmest is ook goed voor het bodemleven en het bespaart."
Hanneke van Ormondt fan duorsumens-aksjegroep Urgenda
De bunder kin sa'n 500 kg keunstdong redusearre wurde, dêrtroch wurdt der 1.000 kg CO2 minder útstjitten.

Boeren moatte doare

Neffens Van Ormondt binne in soad boeren gewoan wend oan it raaigers. "Het vraagt een omslag: men moet later maaien, anders weiden en op een andere manier werken. Dit is ook wat duurder. Het is risicovol, denkt men."
It flakke lân by Vegelinsoard © Omrop Fryslân
Mar dat is ûnterjochte, seit Van Ormondt. "Men moet durven om de stap te zetten. Deze campagne moet het uitproberen laagdrempeliger maken."

Ienkear omskeakele...

De subsydzje makket it sa'n bytsje like djoer as in standert gersmingsel. "Boeren krijgen 150 euro korting per hectare en er kan tot 3 hectare per boer besteld worden. Het is dus echt om het uit te proberen. De hoop is dat men onderaan de streep op hetzelfde uitkomt en dat men het blijft doen."
Melkfeehâlders krije fergees begelieding foar it eksperimentearjen. Ienkear omskeakele, wolle de measte boeren net mear oars, seit Van Ormondt.