Grize skoalpleinen omtsjoene ta grientetún: "De natuer moat libje foar de bern"

Grize tegels, saaie hikken en in pear buorden, in skoalplein sjocht der gauris kleurleas út. It inisjatyf de Moanne fan de Skoaltún wol skoalpleinen dêrom griener meitsje. Yn Boarnwert wurdt de basisskoalle omtsjoend ta in lyts natuergebiet.
De bern fine it machtich om te túnkjen:
Lanlik binne goed 220 oanmeldingen binnenkaam foar dizze earste Moanne fan de Skoaltún. "Het is belangrijk dat kinderen in contact komen met de natuur", seit dosinte Joanneke Romkema, wylst sy oer it skoalplein fan CBS Bernewird yn Boarnwert rint. Yn de hoeke leit in tún fan fiif by fiif tusken alle tegels.
It is no noch allegear ûnkrûd, mar de kommende moannen sille de bern der in fleurich gehiel fan meitsje. Sy siedzje it yn en meie sels de blommen útkieze. "We willen het grijze schoolplein vergroenen. De tegels moeten eruit en er komt een tuin in, want dan komt er leven op het plein. Zand, water en plantjes zijn belangrijk. Dat de kinderen zich bewust zijn van de natuur en dat ze onderdeel van de natuur zijn", seit Romkema.
Bern oan it wurk yn de skoaltún © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"De kinderen mogen zelf kiezen welke plantjes ze erin zetten. Zo zien ze ook hoe dingen gaan groeien. We maken van het schoolplein een soort leslokaal. In oktober kunnen ze het zelf koken in de keuken." Neffens Romkema wurket dat goed foar de bern.
Sy ite mear as wannear't it út de winkel komt. "Kinderen weten dat ze zelf met hun eigen eten bezig zijn geweest. Dan proeven ze ook ineens een tomaat. Als je tomatensoep uit blik krijgt dan zegt het je niks, maar als het je eigen tomaatje is dan spreekt het tot de verbeelding. De natuur moet zo leven voor de kinderen."
Dosinte Joanneke Romkema oer de skoaltún
De learlingen binne bliid mei it projekt. "Der komt hjir in hiel soad libben aanst", seit Mariëlle fan groep 7. Sy is mei twa klasgenoatsjes oan de gong mei it opknappen fan de tún. Sy hat de kar al makke foar de planten. "It wurde sinneblommen, want ik hâld fan dy kleur. It is in moaie blom."
Sels in bytsje reinwetter hâldt de bern net tsjin. "Ik fyn rein just wol moai, want dan sit der wat libben yn de planten en dat jout no wer kleur", seit Jaap. "Ik ha in soad mei de natuer, want ik wenje op in buorkerij. Dus fyn ik bûten wêze leuker as binnen sitte."
De skoaltún yn Boarnwert © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Yn oktober moat de tún folslein klear wêze, sa is de planning. Yntusken kinne de bern al wat ite fan de planten en griente, as sy dat wolle. "Mar sprútsjes hoecht net, hear", seit Djurre. "Dy binne goar."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de skoaltún