Omrop Fryslân

Debattearje ûnder de fruitbeammen: RSG Snits wol grien skoalplein

De skoalle RSG Magister Alvinus yn Snits wol it skoalplein griener meitsje. It plan is ûnderdiel fan de saneamde ecocode. Dêrmei moat de omjouwing fan de skoalle ferduorsume wurde.
RSG Magister Alvinus yn Snits
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
By it ûntwerpen fan it park wurde de learlingen en dosinten bot belutsen. It wurdt sels ûnderdiel fan it lesprogramma. Ek yn de takomst sil it plein foar alderhande lessen ynset wurde.

Fan natoer oant keunst

"Het zou mooi zijn als we een soort rivierbedding aanleggen om bij aardrijkskunde uit te kunnen leggen hoe zoiets werkt", seit José van der Lijke fan it 'greenteam' fan de skoalle. "Of dat je kunt debatteren in een soort amfitheater, onder de fruitbomen. Wij denken dat je daar heel betekenisvol onderwijs kunt geven."
RSG Magister Alvinus yn Snits
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Njonken it grien en de natoer sil der ek romte foar oare saken wêze. "We willen ook een draadje leggen naar kunst. Groen en gezond vinden we belangrijk, maar kunst en je uiten is ook een belangrijk onderdeel van je ontwikkeling", seit Van der Lijke.
It idee libbet al langer op de skoalle
Njonken de learlingen fan de skoalle wol it RSG ek de buert by it plan belûke. De skoalle wol noch foar de simmerfakânsje úteinsette mei it projekt. "Maar we verwachten wel dat we de lange adem nodig hebben, dus we gaan het park in zo'n vijf jaar tijd opbouwen met elkaar."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.