Ronnie Pander nei 22 jier fuort by sc Hearrenfean: "Dat docht hartstikke sear"

Ronnie Pander is te gast yn de SportCast © Omrop Fryslân
Ronnie Pander hat noch altyd sliepeleaze nachten fan syn fuortgean by sc Hearrenfean. Nei 22 jier komt der in ein oan de gearwurking en dat docht 'hartstikke sear', seit Pander yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
Hy wie trettjin jier as spiler ferbûn oan sc Hearrenfean en dêrnei njoggen jier as jeugdtrainer. It lêste seizoen wie Pander ek noch fideo-analist by it earste alvetal. Mar oan dy perioade komt no in ein.
Mei de komst fan de nije trainer Kees van Wonderen is der yn de technyske stêf gjin plak mear foar Pander. Hy krige in oanbieding fan de klup om jeugdtrainer te wurden fan it team ûnder de achttjin jier, mar dat hat er njonken him dellein.
"Dêr fiel ik my net te grut foar", seit Pander, waans ambysjes wol by it earste lizze. "Mar hoe't de sfear binnen de klup no is, hat my, nei sliepeleaze nachten, needsake om dat net te dwaan."
It ferhaal fan Jeffrey Talan is noch 'schrijnender'.
Ronnie Pander
Sliepeleaze nachten: it jout oan dat it Pander heech sit. "Dit moat gjin jankferhaal wurde dat ik my te grut fiel foar de ûnder achttjin. As it gefoel goed west hie, hie ik de ûnder achttjin dien. Om't it myn klup is. Om't it op dizze wize giet, kin ik it net dwaan. En dat docht hartstikke sear."

Gjin kommunikaasje

It probleem neffens Pander is dat Hearrenfean net mear de familiêre klup is dy't it yn it ferline altyd wie. En dat der net kommunisearre wurdt troch technysk manager Ferry de Haan en haad jeugdoplieding Marcel van Buuren. Dêrop hie âld-trainer Johnny Jansen koartlyn ek al krityk.
Doe't oardel wike lyn dúdlik waard dat Pander de klup ferlitte soe, hie er krekt dêrfoar in petear hân mei De Haan. "Dat wie it earste echte petear dat ik hie mei Ferry. Dat is absurd."
"Der is amper kommunikaasje. Elkenien kin syn gong gean", fertelt Pander. "Dat is oan de iene kant hiel noflik, mar oan de oare kant ûntbrekt it dan oan in reade line."
It ferhaal fan Pander en Jansen stiet net op himsels. Sterker noch, it kin neffens Pander noch slimmer. "It ferhaal fan Jeffrey Talan is noch 'schrijnender'. Tsjin my hawwe se sein dat ik de ûnder achttjin dwaan koe. Tsjin Jeffrey ha se neat sein. Kom op, hy sit 27 jier by de klup! Ik fyn dat net kinnen."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

Telefyzjejild

Gerald van den Belt hat wat SC Cambuur oanbelanget better nijs. Troch it njoggende plak en it dêrnei degradearjen fan Heracles Almelo komt der mear telefyzjejild binnen yn Ljouwert.
"Ik denk dat we van 2 miljoen naar 2,3 miljoen gaan. Dat kan nog meer worden op het moment dat Excelsior promoveert", fertelt de finansjeel direkteur fan de Ljouwerters yn de SportCast. "Dus wij zijn supporter van Excelsior deze week. Sowieso omdat Marinus Dijkhuizen daar zit."
De SportCast mei Ronnie Pander en Gerald van den Belt