Fleur, kleur en simmer by de Opentuinendag

Klaas van der Heide yn syn tún © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Eigeners fan in bysûndere tún sette sneon de tún iepen foar besikers. Sa'n fyftich tunen binne de hiele dei te besjen.
"Tink wol om de hinnen, hear", seit Klaas van der Heide. Hy rint troch syn tún yn Twizelerheide. Yn de fierte stiet in hinnehok tusken kleurrike blommen. De tún liket op in oerwâld oan grien.
Dat is bysûnder, want Van der Heide wennet yn in rychjeshûs oan it Tsjerkepaed. "Ik woe it wat opfleurje, mar dat is folslein út de hân rûn. Ik ha sa'n 30 meter oan tún yn de lingte."
Ien fan de planten dy't te bewûnderjen is op de iepentunedei © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Hy fynt it geweldich om yn de tún oan de gong te wêzen. "Dan kin ik mysels ek hielendal ferlieze. Wy telle de oeren ek net dat we yn de tún wurkje, want foar in hobby telst de oeren net."
"Túnkjen is hip en moai", seit Klaas van der Heide
Efkes fierderop, yn De Westereen, wennet Fokke Zijlstra. Hy hat krekt as Klaas van der Heide in bysûndere tún. "It binne allegear horizontale linen." Zijlstra wiist nei syn túnpaad. "Dan liket de tún folle grutter."
Fokke Zijlstra syn tún yn De Westereen © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Zijlstra is drok mei it jaan fan wetter oan de planten. De lange drûchte fan de lêste tiid soarget foar in probleem en de planten begjinne te hingjen.
"It moaiste oan myn tún is dat ús skoanheit dermei begûn is. Wy ha sa'n fjirtich jier lyn dit hûs oernommen en der binne sels noch planten dy't der al sa lang stean."
Ik hoopje de leafde oan de minsken oer te bringen.
Fokke Zijlstra
Der sit bysûnder guod tusken. "Yn de fierte sjochst in soarte fan kannabisplant. Dy wie der al yn de tiid fan skoanheit. It is in leafde en dat hoopje ik oan de minsken oer te bringen."
De Opentuinendag wurdt yn de perioade maaie oant augustus fiif kear hâlden. Dit wykein is it de twadde kear.
Fokke Zijlstra nimt de harker mei troch syn tún