Oprop oan Twadde Keamer: Ferbied no einliks mynbou ûnder Waadsee

Boareilân by It Amelân © ANP
Twadde Keamerleden moatte trochpakke en de mynbou ûnder de Waadsee ferbiede. Dy oprop docht de Waadferiening.
De Twadde Keamerleden soenen dêrby in foarbyld nimme kinne oan it Europeesk Parlemint. Koartlyn is dêr in resolúsje oannaam dy't easket dat lannen mear wurk meitsje moatte fan skjinnere en sûne seeën. Ek moat ôfsjoen wurde fan mynbou yn beskerme natoergebieten.
Yn It Waadgebiet lizze no noch plannen foar gaswinning út Ternaard wei. Der is breed ferset tsjin, ek fanút de Twadde Keamer.
Demonstraasje tsjin gaswinning by Ternaard © Omrop Fryslân
It kabinet hat lykwols noch gjin streek set troch de plannen. Dat is skande, sa seit Frank Petersen fan de Waadferiening: "Het gaat niet goed met de Waddenzee. Dat hoor je van Rijkswaterstaat en van het ministerie van Landbouw, Natuur en Voedselkwaliteit. Ik maak me ontzettend veel zorgen."
Dat is dan ek de reden dat de Waadferiening op 'e nij oan de belle lûkt by de Twadde Keamer. "Deze kwetsbare natuur moet je beter beschermen. Stop dan als eerste met nieuwe mijnbouw onder de Waddenzee."
De Twadde Keamer soe tongersdei prate oer mynbou yn en ûnder it Waadgebiet. Dat debat is in pear wiken útsteld.