Omrop Fryslân

Minister freget UNESCO advys oer gaswinning Ternaard

Wrâlderfgoed-organisaasje UNESCO wurdt om advys frege oer de gaswinning by Ternaard. Dy tasizzing die minister Christianne van der Wal-Zeggelink (VVD) foar Natuer en Stikstof tiisdei yn Den Haag oan de Twadde Keamer.
Minister Christianne van der Wal-Zeggelink fan Natuer en Stikstof yn Harns
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Guon Twadde Keamerleden fregen harren noch wol ôf oft dat realistysk is, omdat de minister yn maart al in beslút nimt oer in natuerfergunning foar de gaswinning.
UNESCO wie yn eardere brieven oan it kabinet tige kritysk oer dy gaswinning en stelde dat dy eins net thús heart yn it gebiet. Van der Wal-Zeggelink gie yn de fêste keamerkommisje Wadden net mei yn de oproppen fan ûnder oare GrienLinks, de PvdA, de SP en de Partij voor de Dieren om no al in streek troch de gaswinningsplannen te heljen.
"We zijn een rechtstaat", makke de minister dúdlik, en dan moatte je de prosedueren folgje as der in oanfraach yntsjinne wurdt wêrby't alle advizen úteinlik tsjin it ljocht hâlden wurde.

"Heel onwaarschijnlijk"

Sy woe dêrom ek net op yndividuele sjenswizen yngean lykas dy fan de Waddenacademie dy't earder dúdlik makke dat de minister de plannen eins wol tsjinhâlde moat fanút it natuerbelang.
Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot (D66) is hoopfol: "Het is heel onwaarschijnlijk dat deze vergunning kan worden afgegeven."
Steatssekretaris Hans Vijlbrief (D66) fan Mynbou erkende dat der gjin draachflak is foar gaswinning ûnder it Waad, mar tagelyk spilet dat gjin rol yn it beslút dat minister Van der Wal-Zeggelink nimme moat. Dêrby telt allinnich de fraach oft de natuer der tefolle skea fan hat. Sy hat lykwols goed harke nei de Twadde Kamer, sa makke sy dúdlik.

Ferskil mei foarige kabinet

De Waadferiening sjocht mei de nije minister in ferskil yn fergeliking mei it foarige kabinet.
"Dat is ons gisteren (tiisdei, red.) wel heel duidelijk opgevallen. Deze minister laat zowel aan de Tweede Kamer als aan UNESCO duidelijk merken dat ze heel goed wil luisteren in de periode dat ze die beslissingen neemt. Terwijl minister Blok nog niet eens negen maanden geleden vertelde: het kan niet anders, dus ik doe het", seit Frank Petersen fan de Waadferiening.
Frank Petersen fan de Waadferiening
De simmerpolder fan 't Skoar by Ternaard
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Der waard ek breder oer it Waad praat. Van der Wal-Zeggelink makke as natuerrminister dúdlik dat sy de natuer as de basis sjocht en dat sy fan doel is dúdliker mei de belanghawwers knopen troch te hakken oer wat wol en net kin.
VVD-Twadde Keamerlid Harry Bevers is der net gerêst op dat de belangen fan de befolking dêrby goed meinaam wurde en wol 'de vinger aan de pols houden' as it dêr om giet.
Minister Mark Harbers (VVD) fan Ynfrastruktuer en Wettersteat wit ek dat de natuer as haaddoel fêstleit foar de Waadsee, mar siket yn it bredere Waadgebiet wol 'een evenwicht tussen ecologie en economie.' Bevers neamde ûnder oare de jierpelsektor en de farferbining mei It Amelân as foarbylden.

Natuerrjochten

Frank Wassenberg (PvdD) krige de minister fan Natuer mei yn syn oprop om de natuer lykas bedriuwen ek rjochten te jaan. Neffens him binne dêr ek ynternasjonaal foarbylden fan.
Der wurdt no útsocht oft dat ek in opsje is. Op oantrúnjen fan Gijs van Dijk (PvdA) wurdt fierder besjoen hoe fier't je krekt komme kinne mei in frijwillige ferkearsbegelieding 'door de Kustwacht of de Brandaris' om de súdlike farrûte boppe de Waadeilannen feiliger te meitsjen.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Minister Rob Jetten fan Klimaat en Enerzjy fynt dat der mei de Dútsers goed te praten is oer de klimaatambysjes en wol dêrom ek mei harren om tafel om te praten oer de Noardsee en de Waadsee. Dan giet it benammen oer hoe't je de enerzjy fan dy wynmûnen it bêste oan lân krije.

Swurd fan Damocles

Al mei al wienen de measte Keamerleden posityf oer it earste optreden fan dit kabinet mei trije ministers en ien steatssekretaris oer it Waad. Feit bliuwt wol dat de gaswinning by Ternaard 'als een zwaard van Damocles boven het gebied blijft hangen', sa sei Sandra Beckerman (SP).

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.