Nim gjin risiko's mei it Waad, warskôget UNESCO-kommisje

De Nederlânske UNESCO-kommisje hat tongersdeitemiddei yn Den Haag Twadde Keamerleden warskôge om foarsichtich te wêzen mei it Waad "De natuur staat enorm onder druk", seit algemien sekretaris Marielies Schelhaas fan dy kommisje.
De Waadsee by Ternaard © Remco de Vries/Omrop Fryslân
"Neem geen risico's en vermijdt schade", wie dan ek har advys yn in rûnetafelpetear oer it Waad.

Mesken fan de wet

Schelhaas sjocht ek dat yn oare wichtige natuergebieten yn it bûtenlân socht wurdt nei 'mesken' yn de wet om 'ja' te sizzen tsjin nije minsklike aktiviteiten. Dêrmei rinne de kearnwearden fan it Waad - op basis wêrfan't it de status fan wrâlderfguod krigen hat - lykwols wol gefaar.
Omdat it net goed giet mei de natuer op en by it Waad "kan er niet veel". Sy wie ien fan in ferskaat oan saakkundigen en belanghawwenden dy't de Twadde Kamer bypraten oer hoe't je ta in sûne Waadnatuer komme moatte. UNESCO is in organisaasje dy't diel útmakket fan de Feriene Naasjes en hat it Waad de wrâlderfgoedstatus jûn.

Nij belied

De Keamerleden binne útnûge troch minister Christianne van der Wal fan Natuer en Stikstof om mei te tinken oer nij belied dat folle mear dúdlikheid jaan moat oer wat der wol en wat der net kin op it Waad. Dan giet it bygelyks oer mynbou, fiskerij en it baggerjen fan soalen.
In jonge mients mei wat stienpikkers by de Suderpier fan Harns © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dat de Waadnatuer ferbetteret, is ek yn it belang fan minsken dy't ekonomyske aktiviteiten hawwe op en by it Waad, sa makke kommissaris fan de Kening Arno Brok dúdlik út namme fan it saneamde 'omgevingsberaad' dêr't de belutsen Waadgemeenten yn fertsjinwurdige binne, mei oare oerheden en ministearjes, mar ek de lânbou, de fiskerij, de natuerorganisaasjes, de havens en de wittenskip.
At it goed giet mei de natuer, jout dat nammentlik ek mear romte foar dy minsklike aktiviteiten. Mar safier is it noch lang noch net, sa fertelde professor Kees Bastmeijer út namme fan de Waadakademy.

Romte ferdiele

De grinzen fan wat it Waad oan minsklike aktiviteiten oankin, binne eins al passearre, sa fertelde de jurist. Der is neffens him mar beheind romte om te ferdielen en eins moatte je nei in situaasje ta mei in sûne buffer. Om by dy ideale situaasje te kommen, moatte je ek sjen oft besteande aktiviteiten noch wol kinne. Der binne yn it ferline te faak fergunnings net terjochte ferliend, omdat der noch sûne twivels wienen oer de gefolgen foar de natuer.
In klút boppe it Noarderleech © Remco de Vries/Omrop Fryslân
Ek direkteur Marre Walter fan de Beheerautoriteit Wadden trune oan op dúdlikheid oer wat wol en net kin op it Waad en frege dêrby benammen goed te lústerjen nei de behearders fan dat Waad en te soargjen foar foldwaande jild. De natuerbehearders wolle no wolris wurk meitsje fan it ferbetterjen fan de natuer, sei Arjen Kok fan Natuurmonumenten.
De fraach bliuwt wol hoe't minister Van der Wal belanghawwenden by it meitsjen fan dat nije belied belûkt. Under oare Arno Brok ferwiisde nei de saneamde Waddenagenda 2050, dy't troch fyftich organisaasjes ûndertekene is, foar ynspiraasje. Op de Waddenagenda is lykwols ek krityk omdat der net genôch knopen yn trochhakke wurde.

Lykwicht

Ut namme fan fiif kustgemeenten, wêrûnder Harns, frege Theo Meskers omtinken foar in goed lykwicht tusken ekonomyske en ekologyske belangen. Hy frege romte foar ynspraak en meipraten oer it nije belied om foar te kommen dat der aanst gjin draachflak foar is.
Lutz Jacobi fan de Waadferiening frege de Keamerleden skeadlike aktiviteiten tsjin te hâlden, it Waad de romte te jaan en de natuer mei rêst te litten.
De simmerpolder fan 't Skoar by Ternaard © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De grutste, nije ûntwikkeling ûnder it Waad is fansels de gaswinning by Ternaard. Steatssekretaris Hans Vijlbrief fan Mynbou makke tongersdeitejûn bekend dat de wichtichste adviseur fan UNESCO, de International Union for Conservation of Nature (IUCN), noch foar in beslút oer in natuerfergunning foar dy gaswinning mei in advys komme sil.
Dêr hat de Twadde Keamer earder om frege, mar it wie net wis oft dat op tiid slagje soe. Der wurdt ynkoarten ek noch stimd oer in moasje dy't yntsjinne is troch GrienLinks-Twadde Keamerlid Suzanne Kröger mei stipe fan de PvdA, SP en de Partij voor de Dieren om de Mynbouwet no al sa oan te passen dat ek dit plan net trochgiet.

Net geskikte momint

Vijlbrief fynt dit lykwols net it meast geskikte momint dêrfoar, omdat de prosedueres oer Ternaard no noch rinne en soks liede kin ta grute skeaclaims. Hy ûntriedt de moasje dan ek, mar makke wol dúdlik dat hy sjoen hat dat der gjin mearderheid is yn de Twadde Keamer foar dit gaswinningsplan.
Sawiesa wol hy, lykas ôfpraat yn it koälysje-akkoart, op de prosedueres oer Ternaard nei gjin nije fergunnings mear jaan foar gaswinning ûnder it Waad. Dat moat ek wetlik fêstlein wurde.