Keeper Andries Noppert kiest foar sc Hearrenfean: "Ik kom thús"

Andries Noppert © Orange Pictures
Jouster Andries Noppert komt werom nei syn jeugdleafde sc Hearrenfean. De transferfrije doelman ferlit Go Ahead Eagles en giet nei dit seizoen mei syn trainer Kees van Wonderen mei nei Fryslân. Noppert tekenet in 2-jierrich kontrakt yn it Abe Lenstra stadion.
Foar Andries Noppert komt hjirmei in dream út. De 28-jierrige Jouster hat der nea in geheim fan makke dat er graach werom woe nei de klup dêr't er yn 'e jeugdoplieding fuotballe. "Ik kom thús, sa fielt it foar my", seit Noppert yn in earste reaksje.
Noppert wennet no yn Marum en hat in lytse pop fan njoggen wiken: "No sit ik noch in soad yn 'e auto en dat wurdt minder. Dat is dus ek in grut foardiel fan myn komst nei Hearrenfean. Dan sjoch ik dy lytse ek faker."
Yn de nijste ôflevering fan de SportCast fan 16 maaie is Andries Noppert te gast.
By Hearrenfean sil Noppert de konkurrinsjestriid oangean mei Xavier Mous.

Medyske keuring Cambuur

De transferfrije Noppert hie oer belangstelling neat te kleien, ek Cambuur woe de doelman graach oernimme. Technysk manager Foeke Booy hie in petear mei him hân en Noppert wie yn Ljouwert al medysk keurd.
Booy: "Wij vinden hem een goede doelman en ik heb de stelling, niet geschoten is altijd mis. We wisten dat er vijf clubs waren die interesse voor hem hadden (Go Ahead Eagles, Heracles Almelo, FC Utrecht, sc Hearrenfean en Cambuur) en dan is het uiteindelijk aan hem. Hij moet zelf de keuze maken. Dat hij hier al was gekeurd, zegt niet zoveel. Dat heeft ook te maken met wanneer iedereen kan en met beschikbaarheid in het ziekenhuis."
Noppert is bliid dat syn oerstap no einlik offisjeel is: "Bin ik ek fan dat gedoch ôf. Ik krige der in soad fragen oer, en dat snapte ik ek hiel goed."
Andries is een doelman met kwaliteit en een goede persoonlijkheid.
Ferry de Haan oer Andries Noppert
Technysk manager Ferry de Haan: "We zijn blij dat Andries ondanks meerdere keuzes, ervoor heeft gekozen om zijn carrière bij ons te vervolgen. Andries heeft het bij Go Ahead Eagles na de winterstop goed gedaan. Het is een doelman met kwaliteit en een goede persoonlijkheid. Na zijn vertrekt bij sc Heerenveen in 2014 heeft hij zich enorm ontwikkeld."
Sûnt Noppert dit seizoen yn Deventer de foarkar krige boppe Warner Hahn hat Noppert behoarlik yndruk makke. Yn totaal kaam hy oant no ta yn 14 earedivyzjeduels yn aksje. Yn it ferline spile Noppert ûnder oaren by NAC Breda, it Italiaanske Foggia en FC Dordrecht.

Ek Simonis fan Eagles nei Hearrenfean

Neist Noppert en Van Wonderen makket ek Paul Simonis de oerstap fan Go Ahead Eagles nei sc Hearrenfean. De 37-jierrige assistint-trainer wie de ôfrûne twa jier wurksum yn Deventer, dêrfoar wie hy fyftjin jier jeugdtrainer by Sparta Rotterdam.