Hûnderten Cambuursupporters ûnthelje spilersbus by stadion

Hûnderten supporters ha de spilersbus fan Cambuur mei fjoerwurk ûnthelle by it stadion. Se fierden it njoggende plak fan de klup, de bêste prestaasje fan Cambuur yn de earedivyzje.
"Henkie de Jong olé olé!"
Cambuur wûn sneintemiddei mei 3-2 op besite by FC Groningen. Earder dizze wike spilen de Ljouwerters har definityf feilich en troch de winst op Grins klom Cambuur sels noch nei it linkerrychje.
Nei't de spilersbus ûnthelle wie, klommen de spilers en trainers op it bordes by it stadion. Dêr joegen in pear fan harren koarte taspraken, ûnder wa ynterim-trainer Dennis Haar. Dy droech de prestaasje op oan Henk de Jong. "De enige echte hoofdtrainer hier!"