Cambuur slút histoarysk seizoen ôf: "We hebben de club op de kaart gezet"

Issa Kallon nimt mei in goal en in assist ôfskied fan Cambuur. En mei in histoaryske prestaasje, want noait einige Cambuur heger yn de earedivyzje. "Ik ben heel trots."
Issa Kallon mocht fan Robin Maulun de strafskop nimme:
Mei it histoarysk besef sit it wol goed by de Cambuurspilers, want se wisten dat de Ljouwerter klup dit noch noait prestearre hie. "We hebben een fantastisch team", seit de bûtenspiler, dy't fiif seizoenen foar Cambuur spile hat. "Dit team zullen we nooit vergeten. Het is niet normaal wat we presteren."
Kallon syn kontrakt yn Ljouwert rint ôf en hy wol net ferlingje. Hy is bliid dat er it sa moai ôfslute kin. "In tegenstelling tot de vorige wedstrijden heb ik nu echt genoten. We hadden allemaal support fan de fans, ze hebben ons de hele wedstrijd gesteund. Ik ben superblij dat we ze kunnen belonen met de winst."
It wie in spesjale wedstriid, want foar in soad spilers wie it de lêste kear yn it Cambuurshirt. Net allinnich foar Kallon. "We wilden met een lekker gevoel afsluiten, dat was onze motivatie. Als promovendus moeten we blij zijn met de negende plaats, met het linkerrijtje. We hebben Cambuur op de kaart gezet in Nederland."
Net allinnich Issa Kallon hat syn lêste wedstriid foar Cambuur spile. Grutte kâns dat ek Sonny Stevens, Erik Schouten, Jamie Jacobs, Patrick Joosten en Tamás Kiss takom seizoen yn in oar shirt te bewûnderjen binne.
Yn fiif jier is de klup in grut part fan syn libben wurden. "Zelfs m'n dochter is hier geboren. Ik heb hier een heel speciale tijd gehad, dat zal ik nooit vergeten. Ik ben de club eeuwig dankbaar, ze hebben veel voor mij betekend. Het is moeilijk om dat in woorden te beschrijven."
Voor iedere speler is het fantastisch om met hem te werken.
Issa Kallon oer Henk de Jong
Dêrby wol er yn it bysûnder Henk de Jong betankje. "Voor alles wat hij voor mij heeft gedaan. Voor iedere speler is het fantastisch om met hem te werken. Een toptrainer, hij steunt ons op en naast het veld."

De Jong en Van der Heide net ferjitte

Doke Schmidt wol ek stilstean by de rol dy't Henk de Jong en Sandor van der Heide spile ha yn it sukses fan Cambuur de ôfrûne jierren. "Zij zijn hier ook onderdeel van. We mogen ze absoluut niet vergeten."
De ferdigener is ek bliid dat Cambuur it seizoen mei in goed gefoel ôfslút. "We hebben elke wedstrijd ons best gedaan, maar de afgelopen tijd kwam het er niet altijd uit. Maar vandaag wel. We waren beter aan de bal en dan zie je dat het er nog steeds in zit."
Doke Schmidt baalde in bytsje dat er snein fuotbalje moast:
Schmidt fynt it, krekt as Kallon, bysûnder om ûnderdiel út te meitsjen fan in team dat klupskiednis skriuwt. "Dit is een prestatie die we met z'n allen behaald hebben. Voor een groot deel is dat drie jaar geleden allemaal begonnen."
Foar in grut part bestie de seleksje dy trije jier út deselde spilers. Dêr sil no wat mear feroaring yn komme. "Het is al bijzonder dat we zo lang ongeveer dezelfde groep hebben. Nu zal er een nieuwe ploeg moeten staan."
In flinke put foar de direkteuren Ard de Graaf en Gerald van den Belt en technysk manager Foeke Booy dus. "Maar zij kunnen dat, dat hebben ze de afgelopen jaren laten zien."

Earste oerwinning Haar

Sân wedstriden foar de ein kaam Dennis Haar by de klup as ynterim-trainer. Tsjin Grins pakte er foar it earst in oerwinning. "Opluchting? Nee joh, blijdschap! Het is een superdag en een geweldige afsluiting voor de jongens."
Dennis Haar is wiis mei de stipe fan de supporters:
Dat er no foar it earst in oerwinning pakt as Cambuurtrainer docht him net in soad. "Het gaat niet om mij, dat heb ik vanaf het begin gezegd. Het is de club die belangrijk is, de spelers die belangrijk zijn. We hebben met elkaar de overwinning gepakt, daar ben ik echt heel blij mee."
Dat it no sa goed gong, docht Haar ekstra goed. "Ik was tevreden over het spel, over de inzet en de motivatie. Er zat energie in. Dat heeft er denk ik ook mee te maken dat de druk nu enigszins weg is, omdat we ons woensdag definitief veilig hebben gespeeld."
Hy koe genietsje yn de Euroborg. "Je ziet waar de spelers toe in staat zijn. Ook de jongens die een hun hoofdstuk bij Cambuur afsluiten, die hebben met elkaar bepaald dat ze er nog een keer alles aan gaan doen. Dat hebben ze met elkaar en voor elkaar gedaan. En voor Cambuur."

Fûnemint foar sukses lei der al

Haar wol himsels sa bot mooglik fuortsiferje, ek al is er no ûnderdiel fan de kluphistoarje. "Cambuur is twee keer achter elkaar bovenaan geëindigd in de eerste divisie en nu sluiten ze het eerste eredivisieseizoen af op de negende plek. Ik vind dat bewonderenswaardig."
Foar him sit syn tiid by Cambuur der no mooglik ek al wer op. "Ik heb het als zeer, zeer plezierig ervaren. Het was een korte, maar krachtige tijd. Ik heb gezien dat het fundament voor deze succesploeg al vele jaren terug gemaakt is. Ik ben trots en blij dat ik voor zo'n mooie club heb mogen werken."