De famylje-eare fan Doke Schmidt stiet op it spul by SC Cambuur tsjin Grins

De famylje fan Doke Schmidt stiet foar in lestige kar sneintemiddei. Doke spilet mei SC Cambuur tsjin FC Groningen, mar by dy klup wurkje syn suske Mila en har freon.
FC Grins tsjin SC Cambuur is ek in striid yn de famylje Schmidt:
Doke Schmidt is berne op It Hearrenfean, mar syn famylje komt fan Grins. "Ik heb wel iets met Groningen. Altijd leuk om daartegen te spelen", fertelt de rjochterferdigener fan SC Cambuur. Mar der stiet dus mear op it spul as allinnich trije punten. Der wurdt ek striden om de famylje-eare.
Mila Schmidt wurket op de kaartsjesôfdieling fan FC Groningen. Dat besparre har broer no yn elts gefal in protte wurk. "Ik hoefde dit keer geen kaartjes te regelen, dat regelde mijn zusje allemaal. Dat was ook wel weer fijn, want de hele familie is aanwezig", fertelt Doke Schmidt.
Mijn zusje en de vriend zijn toch voor FC Groningen. Ik begrijp dat niet helemaal.
Doke Schmidt
De foarkar binnen de famylje liket lykwols út te slaan nei de Grinslanners, want meardere famyljeleden hiene in seizoenkaart by de FC. Boppedat wurke de muoike fan Schmidt der as kluparts.
De 30-jierrige Fries koe it wol ris swier krije yn de Euroborg. "Mijn zusje en de vriend zijn toch voor FC Groningen. Ik begrijp dat niet helemaal", laket Schmidt. Foar wa binne syn âlden? "Weet ik niet, die moeten een keuze maken. Ze hopen waarschijnlijk op een gelijkspel. Het gaat wel een beetje heen en weer."
Doke Schmidt © Orange Pictures
Neist striid binnen de famylje fan Schmidt, kin Cambuur ek op it fjild noch wat foarinoar krije. Plak acht, wat rjocht jout op play-offs om Europeesk fuotbal, is noch helber. Al is de kâns hiel lyts. Cambuur moat dan mei minimaal trije doelpunten ferskil winne fan Grins, sc Hearrenfean tsjin Go Ahead Eagles moat lyk einigje en NEC moat ferlieze.
"Als er een kleine kans is, moet je daarvoor gaan", fynt Schmidt. "Er moet wel heel wat gebeuren. Eerst zelf maar eens winnen met een paar doelpunten verschil, dan moeten we nog naar andere velden kijken."
Doke Schmidt oer de wedstriid tsjin FC Grins en syn kontraktferlinging
De ûntknoping om de striid om plak acht fan de earedivyzje is snein live te folgjen yn it radioprogramma Snein yn Fryslân. De wedstriid tusken SC Cambuur en FC Groningen begjint snein om 14.30 oere yn de Euroborg. Ek fan it duel tusken sc Hearrenfean en Go Ahead Eagles, dat om dyselde tiid úteinset yn it Abe Lenstra Stadion, wurdt ferslach dien.
SC Cambuur moetet yn FC Groningen in tsjinstanner dêr't it striemin mei giet. De lêste seis wedstriden ferlear de ploech fan trainer Danny Buijs hieltyd. Mei Cambuur giet it lykwols net folle better. Der waard mar ien duel wûn nei de winterstop.
"We hebben wel een iets mindere fase, maar we hebben ook drie wedstrijden achter elkaar niet verloren. Daar kun je ook positieve dingen uit halen", seit Schmidt oer de lykspullen tsjin sc Hearrenfean, RKC Waalwijk en Willem ll. "Tuurlijk kan en moet het spel soms beter, maar we hebben directe handhaving in de Eredivisie."

Kontraktferlinging

Mei it wis wêzen fan noch in jier earedivyzje, is ek wis dat Schmidt noch in jier by Cambuur bliuwt. Syn kontrakt is automatysk ferlinge, hoewol't er "nog even met Foeke (Booy, technysk manager, red.) om de tafel moet zitten of alles helemaal klopt", sa gniist Schmidt.
"Ik keek er heel erg naar uit om met Cambuur een jaar eredivisie spelen. En dat gaat nog een keer gebeuren. Daar ben ik heel blij mee, zeker!"