SC Cambuur mei 'minder spanning en stress' tsjin FC Groningen

Der is in lêst fan de spilers en technyske stêf fan SC Cambuur ôffallen mei it wis wêzen fan noch in jier earedivyzje. Dêrtroch libje de Ljouwerters op in oare wize ta nei de lêste wedstriid fan it seizoen tsjin FC Groningen.
Dennis Haar oer de striid om it achtste plak:
It is freed net hiel drok op it trainingsfjild fan SC Cambuur. Fjouwer spilers wurkje in eigen programma ôf mei kondysjewurk en fierderop wurdt seis tsjin seis spile. It is de twadde dei nei de wedstriid tsjin Willem ll en dan binne meastentiids de fysike probleemkes it grutst.

Hoedemakers werom

Spilers as Roberts Uldrikis en Doke Schmidt litte harren freed net sjen op it fjild. Dochs binne se snein nei alle gedachten wol ynsetber by Cambuur tsjin de Grinzers. "Ik verwacht niet heel veel andere namen", seit ynterim-trainer Dennis Haar.
Mees Hoedemakers komt werom fan in skorsing en sil it plak oernimme fan Jasper ter Heide, dy't noch in twivelgefal is foar snein. Datselde jildt foar David Sambissa. Neist de langer blessearren Alex Bangura en Marco Tol binne snein ek Tamás Kiss en Pieter Bos der net by.
Roberts Uldrikis yn it duel mei Willem ll © Orange Pictures
Woansdei fersekere Cambuur him mei it lykspul tsjin Willem ll fan noch in jier earedivyzje. It makket dat de druk foar de slotwedstriid tsjin Grins oars is.
"De druk van volgend jaar wel of geen eredivisie is weg. Dat geeft een ander gevoel. Dat geeft denk ik minder spanning en stress, dus zou het zo moeten zijn dat we nog makkelijker kunnen voetballen", tinkt Haar.
Der is lykwols noch mear mooglik. Plak acht is noch helber. Dat plak jout rjocht op play-offs om Europeesk fuotbal. Cambuur moat dan mei minimaal trije goals winne fan Grins, sc Hearrenfean moat lykspylje tsjin Go Ahead Eagles en NEC moat ferlieze fan Fortuna Sittard.
"Het is een flinke som", jout Haar ta. "Het streven is er zeker, maar we hebben het niet in de hand. Waarop we controle hebben, is uit bij Groningen. Dat moeten we goed afsluiten met elkaar."

Sûnder oerwinning

Haar kaam ein maart nei Cambuur as ynterim-trainer. It slagge him noch net om in wedstriid te winnen as coach. Snein is syn lêste kâns. "De kansen zijn er geweest om wedstrijden te winnen, maar die hebben we niet gepakt. Misschien kunnen we dat tot het laatst bewaren en dan staat 'ie alsnog op de teller."
Oardel moanne hat Dennis Haar by Cambuur wurke en hy sjocht werom:
Nettsjinsteande dat it mar oardel moanne wie, sjocht Haar werom op in moaie tiid yn Ljouwert. "Het is wel weer een hoofdstuk, weliswaar een klein hoofdstuk, maar dat pikken ze me mooi niet meer af. Hier is volgend jaar gelukkig weer eredivisievoetbal met Henk (de Jong, red.), dus ik vind het een mooi hoofdstuk waar ik met heel veel plezier op terugkijk."
De ûntknoping om de striid om plak acht fan de earedivyzje is snein live te folgjen yn it radioprogramma Snein yn Fryslân. De wedstriid tusken SC Cambuur en FC Groningen begjint sneintemiddei om 14.30 oere yn de Euroborg. Ek fan it duel tusken sc Hearrenfean en Go Ahead Eagles, dat om deselde tiid úteinset yn it Abe Lenstra Stadion, wurdt ferslach dien.