Dennis Haar: "De mensen hier zijn verwend door deze spelers"

Wylst de fluitkonserten yn de twadde helte fan de tribune kamen, oerhearsket by de spilersgroep fan Cambuur benammen blydskip nei de 1-1 tsjin Willem II. De Ljouwerters binne offisjeel feilich.
Dennis Haar tinkt dat de supporters eins wol grutsk binne:
Cambuur wachtet al sûnt 26 febrewaris op in oerwinning. Fan hanthavening yn de earedivyzje wie dêrtroch formeel noch altyd gjin sprake. Nei trije lykspullen op rige binne de Ljouwerters no wol wis fan noch in seizoen fuotbal op it heechste nivo.
Dan is de blydskip ek terjochte, fynt ynterim-trainer Dennis Haar. "Het is een prestatie waar je blij om mag zijn. Je staat twee jaar lang bovenaan in de eerste divisie, dan promoveer je en pak je 36 punten. Ze kunnen ons nu niet meer inhalen. Dan is er ruimte voor blijdschap."
Ik vind dat je verder moet kijken dan één wedstrijd.
Dennis Haar
Hy begrypt de teloarstelling fan guon supporters ek, dy't nei de earste seizoenshelte hege ferwachtingen hienen. "Natuurlijk was het spel niet goed en voldoet het niet aan die verwachtingen. Maar ik vind dat je verder moet kijken dan één wedstrijd. We staan gedeeld tiende, daar mag de club trots op zijn."
Haar tinkt dat de supporters dat eins ek wol binne. "De mensen hier zijn enorm verwend door deze jongens. En ja, soms voldoen we niet aan de verwachtingen. Dat laat het publiek dan blijken. Maar ik denk dat de mensen ook wel heel trots zijn, als ze naar het hele seizoen kijken. En ze kunnen volgend jaar weer genieten van eredivisievoetbal."
Tsjin Willem II kaam Cambuur yn de earste helte op foarsprong, mar nei it skoft hie de ploech fan Haar it in stik dreger. "We kregen er te weinig druk op en daarom werden we naar achteren gedrukt. We hadden de afvallende bal meestal niet. En de momenten dat we de bal hadden, gaven we 'm te snel weg."

Sylla op ynstinkt

Dat Cambuur op foarsprong kaam, wie te tankjen oan Sekou Sylla. De linksback iepene op skitterjende wize de skoare mei in ôfstânsskot. "Het ging allemaal op instinct. Iets in me zei: schiet gewoon, het is glad, dat is lastig voor keepers. Maar dat-ie er zo invliegt, dat had ik ook niet verwacht."
Sekou Sylla fierde syn goal mei syn mem, want it wie har jierdei:
Sylla kaam yn de winterstop oer fan TOP Oss en spile ferline seizoen noch yn it amateurfuotbal. Hy hat it net altyd like maklik hân. "Er waren veel leermomenten. Daarom was dit een goedmakertje, in de laatste thuiswedstrijd van het seizoen. Het moment van m'n leven."
En krekt as syn trainer is Sylla wiis mei de hanthavening yn de earedivyzje. "Ik begrijp dat het publiek meer wil, maar we proberen onszelf veilig te spelen. Dan moet je de punten koesteren. In de kleedkamer was vooral de blijdschap over handhaving."

Dûbeld gefoel by Ter Heide

En ek Jasper ter Heide fynt it moai dat Cambuur no feilich is, mar hy hat in dûbeld gefoel. "We wilden deze wedstrijd winnen, want we spelen nog voor de Europese play-offs."
Trochdat Cambuur feilich is, spilet Ter Heide takom seizoen wer yn Ljouwert:
Dy Europeeske play-offs wurde hieltyd dreger, mar sels nei it lykspul tsjin Willem II makket Cambuur dêr noch altyd kâns op. Dan moatte de Ljouwerters snein wol winne yn Grins en de konkurrinsje moat punten ferspylje.
"Er moet een wondertje gebeuren", jout Ter Heide ta. "Maar vandaag hebben die clubs ook allemaal niet gewonnen. We maken nog steeds kans op dat ticket."

As fanâlds

Foar de Amsterdammer wie it moai dat er ris as basisspiler begjinne koe op syn favorite plak, kontrolearjend op it middenfjild. "De eerste helft ging het wel oké. Ik zocht een beetje m'n draai, maar uiteindelijk liep het wel. Ik won veel duels en kon af en toe mooi wegdraaien en doordribbelen. Het voelde een beetje als vanouds."
De twadde helte gong it dreger en krige er lêst fan syn knibbel. De ferwachting is dêrom dat snein tsjin Grins Mees Hoedemakers wer yn de basis stiet. Dy wie woansdei skorst.