Cambuur hâldt punt oer oan thúswedstriid tsjin Willem II

SC Cambuur hat woansdei mei 1-1 lykspile tsjin Willem II. De Ljouwerters spilen benammen nei it skoft in strieminne wedstriid.
© Orange Pictures
By Cambuur waarden Calvin Mac-Intosch, Jamie Jacobs en Patrick Joosten passearre. Dêrtroch hiene Marco Tol, Mitchel Paulissen en Michael Breij in basisplak. Fierder wie Mees Hoedemakers skorst. Dat smiet Jasper ter Heide in basisplak op.
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Tol, Schouten, Sylla; Ter Heide, Paulissen, Maulun; Breij, Uldrikis en Kallon.
Nei 8 minuten waard Cambuur foar it earst gefaarlik: in skot fan Breij waard keard troch Willem II-keeper Timon Wellenreuther. Yn de rebound krige Robin Maulun de bal der net yn.

Sylla mei in geweldige goal

Tsien minuten letter hie it 1-0 wêze moatten. Ferdigener Wessel Dammers fan Willem II makke in flater. Roberts Uldrikis joech de bal foar op Issa Kallon, mar hy skeat wyld oer.
Krekt foar it skoft kaam Cambuur lang om let op foarsprong. In ôffallende bal kaam foar de fuotten foar Sekou Sylla. Fan in meter of tritich skeat de ferdigener de bal spikerhurd yn de krusing.
Sylla en Paulissen út de skroeven mei de 1-0 © Orange Pictures
Willem II kaam goed út de klaaikeamer. De Tilburgers krigen fia Freek Heerkens ek in grutte kâns op de lykmakker, mar syn ynset waard fan de line helle.

Wer in skoarende linksback

De lykmakker foel yn de 55ste minút dochs. Derrick Köhn kaam goed troch oan de linkerkant en skeat de bal bûten berik fan Sonny Stevens yn de goal: 1-1. Nei Sylla wie Köhn de twadde skoarende linksback fan dizze jûn.
Willem II wie nei it doelpunt de bettere ploech, mar yn de 71ste minút krige Cambuur in grutte kâns om wer op foarsprong te kommen. Uldrikis skeat út de draai mar krekt njonken.
Yn de slotfaze spilen de Tilburgers fol op de oanfal. De ploech spilet tsjin degradaasje en koe trije punten goed brûke. De winnende goal foel lykwols net mear. Cambuur hat 36 punten en kin allinnich noch de play-offs om Europeesk fuotbal helje as alle konkurrinten punten ferspylje.