Omrop Fryslân

Milan Smit besoarget Cambuur punt tsjin RKC Waalwijk

SC Cambuur hat yn eigen hûs in punt pakt tsjin RKC Waalwijk. Djip yn blessueretiid bepaalde ynfaller Milan Smit de einstân op 1-1.
Milan Smit
© Orange Pictures
By Cambuur ien wiziging yn de opstelling yn fergelyk mei de Fryske derby tsjin sc Hearrenfean fan ôfrûne snein. Sekou Sylla naam de linksbackposysje oer fan David Sambissa.
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Sylla; Jacobs, Hoedemakers, Maulun; Joosten, Uldrikis en Kallon.
Cambuur hie it dreech yn de begjinfaze. RKC koe de bal goed yn de ploech hâlde en sette de Ljouwerters fêst op eigen helte. De earste grutte kâns wie lykwols foar Cambuur. Jamie Jacobs kaam frij yn it strafskopgebiet, mar hy produsearre in rôlerke.

Kallon kin kwealik koppe

Dêrnei kaam Cambuur stadichoan better yn de wedstriid. Krekt foar it skoft hie Issa Kallon de Ljouwerters ek op foarsprong sette moatten. Op in pear meter fan de goal slagge it de lytse oanfaller lykwols net om syn holle goed tsjin de bal oan te setten.
Issa Kallon hâldt de bal leaver op de grûn
© Orange Pictures
Cambuur begûn sterk oan de twadde helte. Dat smiet fuort in doelpunt op: Roberts Uldrikis tikke in foarset fan Sylla binnen, mar de Letske oanfaller stie bûtenspul.

RKC op foarsprong

RKC hie de holle der wer by nei it bûtenspuldoelpunt. De ploech út Waalwijk waard gefaarlik fia Finn Stokkers en Richard van der Venne, mar doelman Sonny Stevens en de latte wisten in doelpunt foar te kommen.
Yn de 69ste minút liet Saïd Bakari in grutte kâns op de 0-1 lizze. Hy skeat fan tichteby wyld oer. Mar inkelde minuten letter soe de goal wol falle: it skot fan Yassin Oukili waard noch keard troch Stevens, mar de bal karambolearre fia Doke Schmidt yn de goal: 0-1.
RKC fiert de 0-1
© Orange Pictures
It Cambuurstadion tocht yn de 77ste minút dat de lykmakker yn de touwen lei. Uldrikis gie ek allinnich op doelman Etiënne Vaessen ôf, mar de spits skeat de bal yn it sydnet.

0-2 ôfkard, dochs noch 1-1

Hans Mulder like RKC Waalwijk yn de slotfaze nei de oerwinning te koppen. Syn ynset waard op it lêste momint lykwols noch oanrekke troch Michiel Kramer. Nei lang VAR-berie die bliken dat hy dat út bûtenspulposysje wei die.
Djip yn blessueretiid kaam Cambuur op likense hichte. Ynfaller Milan Smit kopte de bal nei in hoekskop efter Vaessen. Dêrnei waard der net mear skoard. Cambuur hat no 35 punten en is foarearst tolfde.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.