Omrop Fryslân

Sylla ferfangt Sambissa by Cambuur, dat noch altyd nei play-offs sjocht

Sekou Sylla komt werom yn de basis fan SC Cambuur foar it duel mei RKC Waalwijk. De linkerferdigener miste de Fryske derby troch in skorsing.
De knop gong by Cambuur al frij snel om, nei it lykspul tsjin Hearrenfean:
Yn de wedstriid tsjin sc Hearrenfean wie David Sambissa de linkerferdigener fan Cambuur, by absinsje fan de blessearre Alex Bangura en de skorste Sekou Sylla. Mar no is Sambissa sels ek blessearre rekke yn de Fryske derby. Sylla komt tsjin RKC just werom fan syn skorsing.
Cambuur mist dêrneist Mitchel Paulissen, dy't skorst is. Bangura en Maxim Gullit binne der ek net by troch blessueres.
Tom Boere sit foar it earst wer op de bank, nei't er heal maart blessearre rekke. "Dat is alleen maar mooi", seit ynterim-trainer Dennis Haar oer de spits. "Zowel voor de medische staf die daar heel veel uren heeft ingestoken, als voor Tom zelf, als voor ons."
Dennis Haar
© Orange Pictures
Der is moandei troch de Cambuurseleksje noch wol efkes werom sjoen op de fantastyske Fryske derby, fertelt Haar. "Je merkt dat spelers met elkaar die wedstrijd analyseren. Daar was het slot ook een onderdeel van", doelt de trainer op de lette lykmakker fan sc Hearrenfean.
Hiel lang is der lykwols ek wer net oer neipraat neffens Haar. "Het is ook zomaar weer vrijdag. Daar richten we ons op als de rook weer is gaan liggen."
De tsjinstanner op freed is RKC en dat stiet yn de earedivyzje op it fjirtjinde plak. Dat is ien ûnder Cambuur. Nettsjinsteande dat de Ljouwerters trettjinde steane, sjogge se noch nei it achtste plak. Dat jout rjocht op de play-offs om Europeesk fuotbal.

De striid om it achtste plak

8. FC Grins 36 punten
9. Go Ahead Eagles 36 punten
10. sc Hearrenfean 35 punten
11. NEC 35 punten
12. Heracles Almelo 34 punten
13. SC Cambuur 34 punten
Cambuur stiet mar twa punten ûnder FC Grins en Go Ahead Eagles. Nei RKC wachtet foar de ploech fan Haar noch Willem ll, dat lêste stiet, en FC Grins.
En dus soe it achtste plak noch bêst behelle wurde kinne. "Spelers kijken daarnaar en zijn daarmee bezig. Ze zien de kansen", fernimt Haar. "Maar we zijn ons wel bewust dat het leidend is wat wij op het veld laten zien. Morgen is RKC de eerste horde en dan zaterdag of zondag kijken we wat de ranglijst doet."
De wedstriid tusken SC Cambuur en RKC Waalwijk begjint freed om 20.00 oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op de radio, dat om kertier foar achten begjint. It kommentaar út it Cambuur Stadion komt fan sportferslachjouwer Andor Faber.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.