Omrop Fryslân

Fries yn Lviv oer de speech fan Poetin: "Speech feroaret net safolle oan de situaasje"

Mei spanning waard útsjoen nei de taspraak fan de Russyske presidint Poetin dizze moandei, by de fiering fan de oerwinning op nazi-Dútslân. "Syn speech feroaret net safolle oan de situaasje", seit Fries om utens Willem Nammensma. De Seisbierrumer wennet en wurket yn it Oekraynske Lviv.
Willem Nammensma
© Eigen foto
"De spanning der't wy allegearre yn sieten, is wat minder wurden. Mar de situaasje is ek ferbettere", seit Willem Nammensma.
Yn de speech sei Poetin dat syn lân wol in oarloch yn Oekraïne begjinne moast om't it Westen Ruslân oanfalle woe.
Poetin seit dat it in lange oarloch wurde sil. Willem Nammensma: "Dat is de lêste wiken wol dúdlik wurden. Dit is net foar juny of july klear. De berjochten giene dat it minimaal oant septimber trochgiet. Yn it nijs wie dat Nederlânske militêren yn Slowakije oant oktober dêr sitten bliuwe. No wurdt ek wer yn de buert fan Odessa bombardearre."

Gjin sicht op ein fan de oarloch

"De Russen fine it dus noch net genôch wat se oant no ta ynnaam hawwe. De wapentafier oan Oekraïne giet ek ûnfermindere troch. Diels giet dat fuortdaliks nei it front en diels wurdt dat earst op in oar plak byinoar brocht om dan letter op strategyske plakken yn te setten. Dit is net yn in pear wiken besjoen. It is dramatysk dat der noch gjin sicht is op de ein fan de oarloch."
It belangrykste diel fan Oekraïne, de havens, wurdt no stadichoan ynnaam troch Ruslân.
Willem Nammensma oer de lingte fan de oarloch
Hy praat der ek mei kollega's oer op it wurk. "We ha it fral oer de ferkeap fan ús produkten, dat is belangryk. Mar se sjogge gjin útwei en de minsken binne senuwachtich oer wat der komt. Se binne derfan oertsjûge dat wy fan de Russen winne kinne en dat de Russen net hjir yn it westen komme. Oekraïne is by steat om de Russen werom te triuwen as dat moat, dat it westen klear stiet om te helpen."

Havens wurde ynnaam

"It is lestich want it hiele súdeasten is wol ynnaam troch de Russen. It belangrykste diel fan Oekraïne, de havens, wurdt no stadichoan ynnaam troch Ruslân. Dat binne belangrike plakken foar de hannel. As dat no aansen fuortfalt, is it moraal fan de minsken ek gau fuort, want dan is der gjin mooglikheid mear te hanneljen. Dat hat in gigantyske impact."
Willem Nammensma
Om't de spoarwegen doelwyt fan bombardeminten binne wurdt it ferfier fan guod dreger. "Nei de havens giet op 't heden neat. Der giet wol wat nei Poalen en Roemenië. Ynkommend guod, lykas de bestridingsmiddelen giet oer de dyk. Dus dat giet wol."

Noed oer hannel

"Ferline wike wie der in oanfal op Lviv. Treinrails binne in pear dagen nei in bombardemint wer makke. Dêr sjitte de Russen net safolle mei op. De bommen meitsje miskien in krater fan 20 of 30 meter. In hiel soad minsken en materieel wurdt ynset en nei in pear dagen of in wike wurket it wer. Dat ûntwrichtet it hiele lân net. Mei de havens is it fansels in hiel oar gefal."

Brânstof is probleem

It grutste probleem dêr't de boargers fan Oekraïne no mei sitte, is dat brânstof net mear frij beskikber is. "Kinst allinnich noch mar tanke mei in bedriuwstankpas of ast yn it foar by it haadkantoar benzinebonnen kocht hast. Ast sa nei de pomp ta giest en wolst betelje mei jild of mei in gewoane betelpas of credit card, krigest gjin brânstof mear. Dus it ferkear leit plat."
Besjoch it hiele ynterview mei Willem Nammensma:
Besjoch it hiele ynterview mei Willem Nammensma:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.