Fries yn Lviv heart raket op 3 kilometer delklappen: "Wol hiel tichtby no"
Hoewol't bombardeminten noch net oan de oarder fan 'e dei binne, fernimt Willem Nammensma yn it Oekraynske Lviv dat je nearne feilich binne. Fan 'e wike foel in raket op sa'n trije kilometer ôfstân.

De westlike stêd Lviv bleau lang frij fan oanfallen út de loft, mar sûnt de lêste oardel moanne falle der geregeld raketten. "Dy wiene benammen rjochte op krúsjale ynfrastruktuer", leit Nammensma út. "De ôfrûne wike wie it eins rêstich, der wiene ek net in soad loftalarmen."
Klappen
Mar tiisdei wie dat ynienen oars. "Doe kamen dochs in oantal raketten hjir del. Ik hearde de klappen. De reek kaam omheech. Dan skrikke je dochs en witte je hoe gefaarlik oft it is om yn dit lân te wêzen. Ik tink dat it himelsbreed sa'n trije kilometer by ús wei wie, sa is myn ynskatting."
Nammensma gie de skûlkelder yn, want de driging wie noch net fuortendaalks oer.
Der is net in garânsje dat raketten op de 'goede' plakken delkomme.
Earder wie it mear oan de oare kant fan de stêd. "It is wol hiel tichtby no. Sy besykje militêre doelen en brânstofdepots te reitsjen. Dat slagget ek faak. Mar der is ek in raket ferkeard delkaam, op in bannewikselstasjon. Dêr binne boargerslachtoffers by fallen. Der is net in garânsje dat raketten op de 'goede' plakken delkomme."
Benammen de stêden en it spoarnetwurk rinne gefaar, tinkt Nammensma. Der ûntsteane stadichoan ek problemen op it mêd fan brânstof.
Lange rigen foar tankstasjons
"Oardel wike lyn bin ik út Oekraïne weiriden, efkes nei Nederlân. Doe wiene der noch gjin wachtrigen by de pomp. Je koene gewoan tanke, al wie it limitearre. No steane der wol echt grutte rigen foar de tankstasjons."

Guon pompstasjons binne echt leech, dêr falt neat mear te tanken. "By de oaren steane rigen fan 600 meter, dan moatte je wol in oere as twa yn de rige stean."
It bedriuw dêr't Nammensma foar wurket, hat der noch net al te folle hinder fan. "Dat giet gelokkich op in oare wize. It lânbouferfier hat foarrang. Dus wy krije noch genôch disel oanlevere. Benzine is in grutter probleem, mar dêr ride ús trekkers ek net op. De measte weinen ride hjir op disel."
"Ik hearde wat klappen, doe kaam de reek omheech"
Sels is er dêr net al te bot mei dwaande, om't it lânboubedriuw dêr't hy foar wurket yn Oekraïne dwaande is om in âld setmoalfabryk wer oan it wurk te setten.
"Dat setmoalfabryk is yn 2012 boud, ek mei it each op eksport nei Azië ta. It hat sa'n bytsje oant 2017 draaid, dêrnei hat it fiif jier stilstien. De merk foar oare jierpels wie folle geunstiger, dus dan hat it gjin doel om in djoer produkt te ferwurkjen ta in marzjinaal produkt as setmoal." Dêrom stie it fabryk yn rêststân, fertelt Nammensma.

Mar op dit stuit binne der noch in soad jierpels. "De iennichste wize om dy noch foar july of augustus te ferwurkjen, is it setmoal. Yn de wike foar de oarloch is al besletten om it fabryk ree te meitsjen foar as it nedich is. Dat hat in goed beslút west. Wy hoopje om 25 maaie hinne it fabryk op te starten."
Dei op dei
Nammensma besjocht de situaasje dei op dei. "Wy moatte mar sjen hoe't it rint. Ik bliuw wol yn Lviv. Efkes gau in plak yn in doarp sykje is ek net sa ienfâldich. En úteinlik binne je eins nearne feilich. Om it fol te hâlden wolle je ek je eigen plak hawwe, dêr't je ta rêst komme kinne."