Fryske East-Europasaakkundige oer taspraak Poetin: "Kleurleas en mat"

De taspraak fan Poetin fan moandei wie wat kleurleas en mat, neffens de Fryske East-Europasaakkundige Sipke de Hoop. De Russyske presidint spruts gjin driging út tsjin it Westen.
Poetin op 9 maaie 2022 by fiering oerwinning op Nazi-Dútslân © ANP
Poetin spruts moandei 9 maaie op de jierlikse taspraak op de dei fan de fiering fan de oerwinning op Nazi-Dútslân. Ruslân moast wol yngripe yn Oekraïne, sei er, want it Westen plande in ynvaazje yn Ruslân. De NAVO en Oekraïne wiene in bedriging oan de grinzen fan Ruslân en dat is absolút ûnakseptabel.
Op foarhân waard tocht dat Poetin Oekraïne offisjeel de oarloch ferklearje soe, want oant no ta giet it foar Ruslân altiten noch om in spesjale militêre operaasje. Mar dat barde net.
Fryske East-Europasaakkundige oer taspraak Poetin: 'Kleurleas en mat'
De Hoop wist net wat er fan de taspraak ferwachtsje moast. It is ek wol wat opkloppe yn de media, seit er. Der soe in oarlochsferklearring komme, in folsleine mobilisaasje, in nije atoomwapendriging of de oerwinning soe útroppen wurde. Neat fan dat alles barde.
De oerwinning útroppe kin net, want der is gjin oerwinning, seit De Hoop. Sa goed giet it net mei de oarloch yn Oekraïne, dy't de Russen gjin oarloch, mar in militêre missy neame.
Sipke de Hoop, Ryksuniversiteit Grins © eigen foto
Dr. Sipke de Hoop (Dokkum, 1966) wurket oan de Ryksuniversiteit Grins (RUG). Dêr is er haaddosint eigentiidske skiednis. De Hoop hat ûnder oare ûndersyk dien nei en publisearre oer de Nederlânske ynset yn Bosnië.
De taspraak wie wat kleurleas, fûn De Hoop. Yn Poetin syn taspraak gie it mear om it patriottisme en de striid tsjin de neonazi's.

Oprop oan Russyske befolking

Yn Poetin syn eagen is Oekraïne in neonazi-steat en sit de NAVO dêrtsjinoan. Hy ropt de eigen befolking op om hoek te hâlden tsjin de neo-nazi's, sa't se ek it ek dien hawwe tsjin Nazi-Dútslân. Yn de Twadde Wrâldkriich binne 27 miljoen Russen fallen en no stride se wer tsjin de nazi's, sa is de bekende propagandaretoryk dy't Poetin yn syn speech brûkte.
East-Europasaakkundige Sipke de Hoop
Ruslân kin dizze striid tsjin de NAVO net winne, seit De Hoop. By in folsleine mobilisaasje bestiet it risiko fan gesichtsferlies. "As jo de folsleine mobilisaasje útroppe, moatte jo ek thúskomme mei oerwinnings." Boppedat, folsleine mobilisaasje treft hast alle Russyske famyljes. It is der fraach oft dêr wol stipe foar is.

'Donbas feroverje en dêrnei ûnderhannelje'

East-Europasaakkundige De Hoop tinkt dat der net gau in ein komt oan dizze oarloch. Yn de speech hat Poetin de befolking yndirekt taret op in in lange oarloch, dy't benammen rjochte is op de Donbas, sa ynterpretearret De Hoop it. Poetin hopet dêr de oerwinning te beheljen, sadat er dêrnei wat hat om te ûnderhanneljen.