Sarr hâldt mei twa goals Europeeske dream Hearrenfean libjend
sc Hearrenfean hat de wichtige kompetysjewedstriid tsjin Vitesse wûn. Yn de GelreDome yn Arnhem waard it 2-1 foar de útploech.
De Friezen moasten it tsjin Vitesse stelle sûnder derbyheld Joost van Aken en Nick Bakker. Dy lêstneamde foel yn de Fryske derby blessearre út.
VAR grypt twa kear yn
As it oan fideo-skiedsrjochter Robin Hensgens lein hie, dan hie Hearrenfean nei tsien minuten al mei in man minder stien. De VAR rôp skiedsrjochter Richard Martens nei de kant nei in oertrêding fan efteren fan Tibor Halilovic op Matús Bero. Martens fûn nei it sjen fan de bylden in giele kaart genôch.
In pear minuten letter waard it spel inkelde minuten stillein fanwegen reekbommen op it fjild en yn it fak mei de fanatike Vitesse-oanhang. Nei't de reek oplutsen wie en de omropper de supporters tasprutsen hie, koe de wedstriid wer oppakt wurde.
Kommentator Roelof de Vries oer it fjoerwurk op it fjild
Healweis de earste helte krige Hearrenfean de grutste mooglikheid op in foarsprong. Anas Tahiri seach syn skot lykwols op de lat útinoarspatten.
In oertrêding fan Milan van Ewijk op Jacob Rasmussen wie úteinlik de ynlieding op de iennige goal fan de earste helte. Skiedsrjochter Martens joech in strafskop foar it lichte tikje fan Van Ewijk. De VAR woe dat Martens noch ris sjen soe, mar ek nei de bylden bleau er oertsjûge fan syn beslissing.
De penalty waard yn de earste fan njoggen minuten blessueretiid benutte troch Bero. Rasmussen hie krekt dêrfoar it fjild blessearre ferlitten.
Oanfallende wiksels
Direkt nei it skoft wie ynfaller Daan Huisman tichteby it ferdûbeljen fan de skoare, mar syn ynset wie krekt te heech. Tsien minuten letter die Sven van Beek oan de oare kant mei in kopbal itselde.
Mei noch in lytse tweintich minuten op de klok besleat trainer Ole Tobiasen dat it oars moast by de Fryske klup om net mei lege hannen nei hûs te gean. Hy helle Van Ewijk en Rami Kabi nei de kant en brocht Anthony Musaba en Nicolas Madsen yn.
Dat betelle him trije minuten letter al út doe Amin Sarr út in assist fan Musaba de stân fanút kompleet frije posysje wer gelyk makke: 1-1.
Yn de race foar Europa
Dyselde Sarr soarge der yn de 83e minút sels noch foar dat Hearrenfean der mei de trije punten fantroch gie. De Sweedske oanfaller kaam allinnich op de Arnhemmer doelman ôf en skeat behearske binnen.
Mei noch twa wedstriden te gean stiet Hearrenfean no mei 38 punten op it achtste plak yn de earedivyzje. Dat plak moatte se behâlde om harren te pleatsen foar de play-offs om Europeesk fuotbal.