Omrop Fryslân

Hearrenfean mist Van Aken tsjin Vitesse, Bakker fraachteken

Joost van Aken kin troch in ljiskblessuere net meidwaan tsjin Vitesse kommende snein. Dat betsjut dat coach Ole Tobiasen flink puzzelje moat om ta in opstelling yn de ferdigening te kommen.
Ole Tobiasen: "Die dagen erna kwamen weer even down to earth
Want njonken Joost van Aken is it ek noch mar de fraach oft Nick Bakker meidwaan kin. Hy foel yn de lêste wedstriid tsjin Cambuur blessearre út oan de ein fan de earste helte. Hy hat dizze wike hieltyd apart meitraind.
Syb van Ottele siet snein ek net op de bank by de wedstriid tsjin Cambuur. Ek foar Van Ottele jildt dat it noch net wis is oft hy de wedstriid tsjin Vitesse hellet.

Bykomme fan Fryske Derby

Hearrenfean moast neffens coach Ole Tobiasen wol efkes bykomme fan it duel tsjin Cambuur. "Ik merkte wel dat er een hele hoge spanning was voor de wedstrijd tegen Cambuur. Die dagen erna kwamen weer even down to earth. Ook mentaal. Je merkt dat je aan het einde van het seizoen zit", seit de trainer.
"Die wedstrijd tegen Cambuur heeft heel erg heeft geleefd. Dat valt dan ineens weg. Maar de jongens weten zelf ook wat er nog op het spel staat, de play-offs. Dat motiveert wel."
Ole Tobiasen: "Ze hebben gezegd dat ze met ons door willen"
"We zijn niet zozeer bezig met het halen van de play-offs. We moeten zondag eerst een goed resultaat halen." Dan is it dêrnei noch mar in wike en dan sit it seizoen der miskien al hielendal op.
"Het is wel apart ja. Dan kun je ineens weer een seizoen afvinken. Dan denk je ook aan hoe snel het eigenlijk gegaan is. We hebben heel veel meegemaakt. We hebben in de onderste regionen gestaan en daar hebben we ons uitgevochten. Dan draai je ineens mee om de achtste plek."

Tobiasen en Reekers wer assistint-trainers

Tobiasen is no haadtrainer en hat noch in kontrakt as assistint-trainer. Foar Tobiasen is dat net frjemd. "Ik wist vanaf dag één dat ik terug zou gaan als assistent."
Yntusken wit hy ek dat er tegearre mei Peter Reekers oan de slach sil as assistint fan de nije coach Kees van Wonderen. It kontrakt is noch net tekene, mar nei alle gedachten sil Paul Simonis dêr noch by komme. Hy is no assistint by Go Ahead Eagles fan Van Wonderen.
"Ik heb nog een jaarcontract en ze hebben ook gewoon gezegd dat ze met ons door willen", seit Tobiasen. Dus we gaan volgend seizoen weer fris en fruitig door."
Hearrenfean spilet snein tsjin de nûmer seis fan de earedivyzje, Vitesse. It duel wurdt streekrjocht útsjoerd op Omrop Fryslân Radio en it kommentaar komt fan Roelof de Vries.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.