Omrop Fryslân

Kanadeeske befrijers nei 77 jier waarm ûnthelle yn Aldtsjerk

Hûnderten minsken ha sneintemiddei by De Klinze yn Aldtsjerk twa Kanadeeske feteranen eare. Art Boon en Jim Parks, beiden 97 jier, dogge dizze dagen yn de provinsje ferskate plakken oan dêr't se de befrijing fiere.
Beide Kanadezen waarden waarm ûnthelle yn Aldtsjerk:
By de lange oprit nei De Klinze steane hûnderten minsken klear. Allegear ha se in Frysk-Kanadeeske flagge krigen. Wannear't Art Boon en Jim Parks yn in âlde legerjeep oanriden komme klinkt der applaus en gejûch.

Feteranen fan D-Day

Boon en Parks kamen yn 1944 tidens D-Day oan lân yn Frankryk. In jier letter wiene se ek oanwêzich by de befrijing fan Fryslân. De beide mannen genietsje sichtber. Se jouwe hannen en 'high fives'.
© Omrop Fryslân
"It is just good to be back, it is so nice here", seit Parks. De feteraan moat holpen wurde by it útstappen mar is noch wol sa by de tiid dat hy op it poadium posearret mei de twa sjongeressen.

Grut feest

De organisaasje hat in grut feest organisearre. Rûnom steane âlde legerweinen en binne kreamkes dêr't in hapke of in drankje kocht wurde kin. Dick Jansen stiet by de yngong en dielt flaggen út.
© Omrop Fryslân
In wat âldere frou nimt de flagge mar wat graach oan: "Ik ha it meimakke, as lyts famke", fertelt sy. "Ik sjoch it noch foar my, yn Ysbrechtum. Ik wie fjouwer jier âld. In stel Kanadezen, dêr moasten je hinne." En dat is ek de reden dat se der no wer is. "Omdat it noch kin."
"Kinst dus oan har wol fernimme wat de ympakt west hat", seit Dick Jansen wylst hy de flaggen útdield. "Sy wit it no noch. It is ek belangryk dat minsken fan alle leeftiden hjir binne. Se sjogge it alle dagen yn it nijs no, dat der oarloch is. It is wichtich oer te dragen wat frijheid is."
© Omrop Fryslân

'De befrijing libbet'

Theo Holwerda fan de organisaasje is in tefreden man. "Alle leeftiidsgroepen binne der. Dan sjogge je dat it libbet." De organisaasje hat foar dizze middei yn Aldtsjerk eins mar ien doel, seit Holwerda: "Wy wolle dy beide mannen in moaie middei jaan. Dat se mei de wrâld oan goede herinnerings wer nei hûs geane."
Dat slagget úteinlik seker. Parks bygelyks grypt syn kâns en lit him op de foto sette mei de twa sjongeressen op it poadium. "Ik bin bliid om werom te wêzen. It fielt as dat ik wer ûnder âlde freonen bin."
© Omrop Fryslân
De earste kear yn Nederlân kin Parks him noch goed foar de geast helje: "We moasten lâns de dyk krûpe mei de kûgels dy't oer ús holle fleagen. Mar wat my goed bystiet is hoe freonlik minsken hjir altyd wienen. Ik bin echt bliid hjir no wer te wêzen."

Fierder troch Fryslân

De kommende dagen ride se noch troch Fryslân. Moandei lizze se in krâns op begraafplak Vredenhof op Skiermûntseach. Op 4 maaie binne se by de betinkingen yn Snits en letter jûns yn Ljouwert.
In dei letter, op Befrijdingsdei, binne Boon en Parks se te gast op it Befrijdingsfestival yn Ljouwert en op 7 maaie yn Kollum. Op 8 maaie fleane se werom nei Kanada.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.