Joke Folmer, boadskipfamke fan it ferset

Joke Folmer brocht as jong famke yn de oarloch hûnderten minsken, benammen alliearde piloaten, yn feilichheid. Letter sette se har op Skiermûntseach yn foar fersoening mei it oarlochsferline.
Joke Folmer (98) krige hege ûnderskiedingen foar har fersetswurk yn de Twadde Wrâldoarloch, mar nea wie der in film oer har libben makke. Ek net oer har ynspanningen foar mear betinken en fersoening op har eigen Skiermûntseach.
De eilanner regisseur Thom Verheul fierde djipgeande petearen mei Joke Folmer, foardat se de doazen mei har oantinkens definityf opberget. Diel 1 fan de FryslânDOK-searje oer it boadskipfamke fan it ferset wurdt útstjoerd by NPO2 op 30 april en by Omrop Fryslân op 1 maaie.
Joke Folmer © Thom Verheul
De film is foar in part dramatisearre, mei aktrise Willemien Slot dy't de jonge Joke spilet. In grut part fan it kamerawurk is fan de yn jannewaris 2022 ferstoarne filmer Ismaël Lotz út Grins.
Op haar 17de gong Joke mei húswurk del by har ûnderdûkte Joadske hertsfreondinne Rosette Bannet. Doe't de famylje oppakt waard, begûn Joke itensbonnen en munysje rûn te bringen.
Willemien Slot spilet Joke Folmer © Thom Verheul
Joke brocht hûnderten minsken, benammen piloaten, yn feilichheid. Jong en koelbloedich wist se út hannen fan de nazys te bliuwen, mar yn 1944 waard se arrestearre en ta de dea feroardiele.
Se kaam mei in groep oare finzenen yn Dútslân telâne. By Dresden setten de Russen de doarren fan de finzenis iepen, wêrnei't Joke en de oaren nei in wikenlange tocht yn in Amerikaansk kamp bedarren. Wurch en ferswakt berikten se befrijd Nederlân. Joke wie doe krekt 22 jier.
Joke bringt húswurk by har freondinne © Omrop Fryslân
Ein jierrren santich kaam Joke Folmer op Skiermûntseach te wenjen. Dêr waard doe net folle oandacht jûn oan it oarlochsferline. Se begûn te wurkjen oan in nij bewustwêzen en rjochte it 4 maaie-komitee op.
Sûnt dy tiid komme der hûnderten minsken by de jierlikse betinking op it eilanner earebegraafplak Vredenhof. Dêrby klinke de folkslieten fan de dêr begroeven fleaners. Ek it Dútske folksliet.
Joke yn de finzenis © Omrop Fryslân
Op skoallen fertelde Joke oer har oarlochsûnderfiningen. Se organisearre reünys foar alliearde fleaners en harren famyljes en brocht dy yn kontakt mei de Nederlânske boargers dêr't se ûnderdûkt sitten hiene.
Joke soarge derfoar dat der tinkstientsjes, Stolpersteine, lein waarden by eilanner huzen dêr't Joaden yn de oarloch wennen. Ek foar it hûs fan Rosette Bannet yn Zeist, de yn Auschwitz fermoarde skoalfreondinne fan Joke, is ein maart in tinkstientsje pleatst.
Regisseur Thom Verheul
FryslânDOK Joke Folmer diel 1: Boadskipfamke fan it ferset
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.