Omrop Fryslân

Martin en Ytsje binne fan it gas ôf, werom nei petroleum en koalen

Martin en Ytsje Sijbesma fan Kûbaard holden altyd al fan it wat âlderwetske libben, en ha no de knop fan de gasynstallaasje hielendal út set. Se stoke tenei koalen en siede it iten mei in petroleumstel.
Martin en Ytsje binne fan it gas ôf:
Der binne twa redenen. Reden ien is dat de twa wol hâlde fan dy leefstyl. "De echte leafde foar it âlde", omskriuwt Martin Sijbesma it. "De tiid nimme foar de dingen."
De kachel bygelyks. "Mei ien draai oan de knop is de kachel oan en dan is it ek al frij gau waarm. Mar wy nimme dêr no mear de tiid foar. Dat makket je ek wat bewuster fan it libben."
Martin en Ytsje Sijbesma
© Omrop Fryslân, Lars de Leeuw
It iten smakket suver ek noch lekkerder.
Martin Sijbesma
En it befalt oant no ta poerbêst. "It wol goed siede", omskriuwt Ytsje it klearmeitsjen fan it iten. "Earst wie ik der noch wat huverich oer, mar it giet bêst."
"En it iten smakket suver ek noch lekkerder", seit Martin. "Der sit mear smaak oan."
Ytsje Sijbesma oan it itensieden
© Eigen foto
Dy leafde foar it âlderwetske wie der al langer. Dat se no de stap set ha, hat te krijen mei de hege gasprizen. "It waard sa ferskriklike djoer. Dat hat ús it lêste triuwke jûn. Foar gewoane minsken is it net mear te beteljen."
Martin heart ferhalen fan minsken dy't de kachel thús net heger as 15 graden ha, omdat se it oars net betelje kinne. "Dat is dochs skandalich yn sa'n ryk lân?"

Har nocht

Se hienen har nocht derfan, seit Martin. "Doe sei ik: ik sil dat smoarge gasbedriuw ris krije! Dêrom binne we wer begûn de kachel te stoken en we helje de âlde petroleumstellen wer fan souder. Even sjen oft dat it docht."
En dat docht it. Se krije genôch reaksjes. "Guon minsken fine it in leuk idee of in goed inisjatyf", seit Ytsje. "Oaren fine dat we wol hiel bot werom yn de tiid geane."

Werom nei de prehistoarje?

Martin: "Ien sei tsjin ús dat we werom nei de prehistoarje gongen. Sa mâl is it net, mar we geane wol wat werom, ja. Dat hat ús foarkar. En it falt allegear hiel bot ta, dat fernuveret ús ek wol wat."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.