Doarps- en buerthuzen "op omfallen" troch hege enerzjyprizen

Bestjoeren fan doarps- en buerthûzen sitte yn noed oer de heger wurdende stroom- en gasprizen. Hast de helte fan alle bestjoeren seit dat de hegere rekkens in gefaar binne foar de eksploitaasje.
© ANP
Dat docht bliken út in enkête fan de stifting Doarpswurk, dy't him ynset foar de leefberens fan lokale mienskippen. Se ha de enkête ferpraat ûnder 250 Fryske doarps- en buerthuzen. Hast 40 persint fan de respondinten sjocht de hege enerzjyprizen as gefaar.
"We wisten fansels wol dat der problemen wienen en dat de enerzjyprizen de ôfrûne tiid eksplodearre binne", seit Theo Andreae, foarsitter fan Doarpswurk. "Mar dat dat foar safolle doarps- en buerthuzen in driging foar de eksploitaasje betsjut, dêr bin ik wol fan skrokken."

Nije klap

Troch de coronabeheinings wurdt der dan minder gas en elektra brûkt, mar alle buffers wienen al opmakke. "Dit is de klap dy't dêroer hinne komt. Foar in hieltyd grutter wurdende groep wurdt it dêrtroch dreger om it draaiende te hâlden."
Der is troch corona al net in soad fet op 'e bonken mear.
Theo Andreae (foarsitter Doarpswurk)
De gasprizen binne yn in jier tiid hast tsien kear oer de kop gien. Foar in soad doarpshuzen is dat in ekstra grut probleem, om't de enerzjyrekken faak de grutste útjefte is, seit Andreae. "Doarsphuzen driuwe op frijwilligers. En der is troch corona al net in soad fet op 'e bonken mear. Dus in soad fan dy doarpshuzen steane hjir toch wol op omfallen."
Der binne al in pear dy't de kommende tiid de rekken net betelje kinne, dus dy hâlde de doarren ticht. "En ik hâld myn hert fêst dat dat allinnich mear wurde."

Stipe nedich om te ferduorsumjen

Andreae tinkt dat de ferduorsuming fan doarpshuzen in oplossing wêze kin. Mar dêr is fansels jild foar nedich. "Der is al in grut tal dwaande mei it ferduorsumjen en in hiel soad oaren wolle it graach. Mar de maatregels dy't je dêrfoar nimme moatte kostje ek jild."
"Wy wolle út Doarpswurk wei yn petear mei gemeenten en provinsje", seit Andreae. "En dat is echt net om it hantsje op te hâlden en te freegjen om sinten. It giet dan bygelyks om rinteleaze lieningen dêr't doarpshuzen duorsumer mei makke wurde kinne. Sa wurdt de gasrekken leger en is miskien foar te kommen dat de doarren ticht moatte."