Grutte fraach nei hurdhout troch hege gaspriis en Russyske driging
Der driget in tekoart oan hurdhout. In soad minsken slaan ekstra yn no't gas djoer is. De oanfier moat út Litouwen wei komme en wurdt meastentiids brocht troch Russyske transportbedriuwen.
Der is in grut ferlet oan hurdhout:
Hamsterjen wol Hanneke Jouta fan Haardhout yn Ferwert it noch net neame. Mar minsken wolle wol graach genôch op foarried hawwe. "Ja, it bart al. We hâlde dêr wol sicht op. Ik ferkeapje leaver oan tsien as oan ien. Dan ferdiel ik it leaver."
Dat wat se lizzen ha, fljocht de doar út. "Dat komt echt troch de hege prizen foar enerzjy", sei Jouta. "Dêrneist sjogge minsken ek nei de ûntwikkelingen yn it bûtenlân. Dat sil ek ynfloed ha op de prizen en dêr binne se wol benaud foar."
It gefolch fan de grutte fraach en it lege oanbod is dat ek dizze prizen tanimme.
Se ferkeapje ek noch houten sauna's. Dêrfan binne der noch twa ûnderweis. "Dy komme ek út Litouwen. Mar ja, wannear? Dat witte we net."
Hanneke Jouta fan Haardhout: "Minsken wurde eangstich"
De oanfier is allinnich sa maklik net. Se ferkeapje it meast bjirkehout. "Dat komt út Litouwen. Flak oan de grins mei Ruslân. Dat is no ek allegearre ûnwis. Der is wat ûnderweis mar wannear't it komt is net dúdlik."
In oar probleem is dat it ferfier regele wurdt troch Russyske transportbedriuwen mei Russyske sjauffeurs. It is de fraach oft dy mei alle sanksjes noch wol ride. Foar Jouta is dat in fraach dêr't se gjin antwurd op hat. "Je ha it gefoel wolris dat je efter de feiten oanrinne."