Degradaasjesône tichtby; kin Harkemase Boys it tij noch keare?
Is der krisis op sportpark De Bosk? Harkemase Boys hat al tolve wedstriden op rige net wûn. It ferskil mei de neikompetysjeplakken is noch mar twa punten.
Op 6 novimber 2021 wie it de lêste kear dat Harkemase Boys wûn: mei 5-0 fan Staphorst. Dêrnei ferlear it sân kear en spile it fiif kear lyk.
Tiisdeitejûn gong it wer mis: thús tsjin SteDoCo kaam de ploech fan Jan-Piet Bosma noch wol op foarsprong, mar troch twa lette tsjingoals waard it 1-2.
Ein desimber hat Harkemase Boys bekend makke dat se nei dit seizoen net fierder gean mei trainer Jan Piet Bosma.
Ein desimber hat Harkemase Boys bekend makke dat se nei dit seizoen net fierder gean mei trainer Jan Piet Bosma.
Jan Piet Bosma
Jan-Piet Bosma, is dit ferlies typysk foar de lêste tiid?
"Nee fansels net. 'De kelk moet blijkbaar helemaal leeg'. We sitte yn de hoeke dêr't de klappen falle. Dy jonges gean der noch hieltyd foar."
Wurdt it wurd degradaasje al neamd yn de klaaikeamer?
"Troch my wol. We sjogge nei ûnderen, net nei boppen."
Neidat jo hearden dat jo nei dit seizoen gjin trainer mear binne by Harkemase Boys ha jim net mear wûn. Hoe kin dat?
"Ik ha net de yndruk dat de jonges net wolle hear. En ik hielendal net. Ik doch der alles oan. We stride. It moat even 'tot de laatste snik' tink ik."
Mar hat it mei elkoar te krijen?
"Nee, dat binne allegear praatsjes. Dat slacht nergens op."
Wêrom binne jo folgjend jier hjir gjin trainer mear?
"Dat moast de lieding mar freegje hè."
Dat ha ik dien, mar witte jo wêrom?
"Ja, mar dat sis ik hjir net foar de kamera. Mar do witst it wol, dus dan kinsto it wol sizze."
Sippe Heeringa seit dat de klik tusken de trainer en de spilersgroep net sa is dat jim it maksimale út dizze groep helje kinne en it taktysk ek better kin.
"Och no ja, se komme net mei konkrete foarbylden, dus it sil wol yn it midden lizze."
Mar wat fine je der fan?
"No, ik fyn dat je dat sawiesa net publyklik sizze moatte. En as dat sa is, moat er by my wêze."
En je witte, dy fraach komt altyd nei sa'n rige. Binne je al benaud foar jo posysje?
"Ik wit hoe't it wurket by it fuotbaljen. Ik krij al wiken dy fraach, hâldst op? Nee, fansels net. We moatte hiel hurd wurkje. Pas as we yn de lêste wedstriid fjouwer punten heljen moatte, is it klear."
Sippe Heeringa
Ferantwurdlik foar it net ferlingjen fan it kontrakt is ûnder oare foarsitter Sippe Heeringa.
Is it al krisis op De Harkema?
"It is fuort gjin krisis, mar der wurdt wol oer praat. We wolle in oplossing sykje, want we wolle net noch in pear wedstriden ferlieze."
Jim ha yn desimber al bekend makke net fierder te gean mei trainer Jan Piet Bosma. Wêrom net?
"Wy wiene fan miening dat we wat oars moasten. It is wat lestich om it oer details te hawwen, mar we wolle sjen oft we op taktysk gebiet wat dwaan kinne, dat we sjogge: wat gebeurt hjir op it fjild? Mei wat foar boadskip binne we oan it fuotbaljen? En dat wie wolris betiizjend."
Op taktysk mêd koe it by Bosma wol better?
"Ja, mar oft dat oan de trainer leit of oan de kombinaasje. Mar ik tink dat de klik tusken dizze trainer en de spilersgroep net goed genôch is om it maksimale út dizze groep te heljen. Mar it kin ek oan de spilers lizze."
Bosma sei yn in artikel yn de Leeuwarder Courant dat hy noait útlis krigen hat oer wêrom jim net mei him fierder wolle.
"Dat is net wier. En ik fyn dat ek wol ferfelend. Ik fyn dat je soks binnenskeamers hâlde moatte. We ha it him wol útlein."
Henny Bouius
Henny Bouius is oanfierder fan dit team en ferlit nei acht seizoenen Harkemase Boys nei dit seizoen.
Hoe kin it dat jim no tolve wedstriden op rige net winne kinne?
"Hy falt de lêste wiken net echt lekker. Ast dan hjoed ek wer sjochst dat we yn de lêste minuten de goal om de earen krije. Ik sei krekt ek: wat moat ik der foar de kamera no eins fan sizze?"
Is der wat fan in oarsaak of tendins te finen?
"Benammen fertrouwen. Ast winst, kinst de hiele wrâld oan. Ast ferliest, dan is it dochs oars. No ek. Komst foar, neat oan de hân en dan wurdt it gelyk en dan is it fuort panyk. Eangst om ien tsjin te krijen."
Jim trainer hat yn de winter te hearren krigen dat hy nei dit seizoen fuort giet en jim ha dêrnei tsien wedstriden net mear wûn. Hat dat wat mei elkoar te krijen?
"Efterôf is dat altyd maklik. Ik tink net dat dat in relaasje hat. It is natuerlik tafal datst de wedstriid dêrnei fuort ferliest. Mar ja, ergens hat it der miskien ek wol mei te meitsjen."
Wat moat no oars?
"Ik tink dat we leverje moatte. We moatte herstelle. We ha no wike op wike ek troch de wike wedstriden en dat begjin ik ek wol te fielen. We moatte foaral de kop derfoar hâlde."
Stân mei noch 11 wedstriden te gean ûnderyn de tredde divyzje:
(nûmers 17 en 18 degradearje fuort, de nûmers 15 en 16 spylje neikompetysje)