Omrop Fryslân

Trije kear ferlies foar heechste Fryske amateurfuotballers

De trije heechste Fryske amateurklups stiene sneon allegear mei lege hannen nei njoggentich minuten fuotbal. Yn de tredde divyzje gie Harkemase Boys ûnderút tsjin VVSB, en yn 'e haadklasse krige ONS Snits in flink pak op 'e bealch fan Genemuiden. Ek VV Bûtenpost ferlear, út tsjin De Dijk.
© Orange Pictures
Yn Noordwijkerhout moast Harkemase Boys it sneon opnimme tsjin VVSB. It earste heal oere wiene der lytse kânskes foar beide ploegen, mar in doelpunt foel net yn de begjinfaze.

Dat feroare yn 'e 35e minút, doe't Mart Bloeming de bal fan ôfstân yn 'e krusing skeat. Mei de foarsprong fan 0-1 gie Harkemase Boys tsien minuten letter ek it skoft yn.

Blel skoart trije kear

VVSB gie yn de twadde helte op syk nei de lykmakker. Dy krigen se al nei sân minuten doe't Youssef Blel skoarde út in rebound nei in frije skop fan Enzo Huntink. De thúsploech besocht troch te drukken, mar keeper Jansema koe slimmer foarkomme foar Harkemase Boys.

Beide ploegen besochten de winst binnen te heljen. Sa waard der in ynset fan Harkemase Boys fan de line ôfhelle, en oan de oare kant moast oanfaller Berwout Beimers ferdigenjend yn aksje komme.

De winst gie úteinlik nei de thúsploech trochdat Youssef Blel de 2-1 meitsje koe út in hoekskop fan Enzo Huntink. Tsien minuten foar tiid makke Danny Bakker noch de 3-1 en Blel bepaalde mei syn fjirde goal de einstân op 4-1.

ONS Snits keihurd ûnderút

ONS Snits gie yn 'e haadklasse op besite op Sportpark De Wetering. Achterôf besjoen hiene de Snitsers better thúsbliuwe kind. De earste minuten wiene spektakulêr. Al nei seis minuten sette Lars Miedema nammentlik de thúsploech op 1-0.
It skoareboerd wie krekt bywurke, doe't Gerben Visser foar ONS Snits de lykmakker skoarde. Lang koene de Snitsers net geniete fan de 1-1, want acht minuten letter, nei in kertier spyljen, sette Rens van Benthem Genemuiden wer op foarsprong.

Genemuiden drukt troch

Genemuiden drukte dêrnei it gaspedaal yn. Dyselde Van Benthem makke ek de 3-1 en foar it skoft makke Osama Ben Kaddour der mei twa goals sels 5-1 fan. Dêrmei wie de wedstriid wol spile.
Yn de twadde helte makke Genemuiden der troch goals fan Noureddine Boutzamar, Sijmon Eenkhoorn en Martijn Eenkhoorn noch 8-1 fan.

Bûtenpost ferliest troch penalty

VV Bûtenpost moast it sneon yn 'e haadklasse opnimme tsjin it Amsterdamske De Dijk.
Krekt foar it skoft krige de thúsploech in strafskop. Dat kadootsje waard útpakt troch de Amsterdammers wêrtroch't de Blaukes yn de efterfolging moasten. Dat moast barre yn de twadde helte, mar it bleau by 1-0 foar De Dijk.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.